In Nautolaan (Kit Fisto).

Nautolanen (inkeltal: Nautolaan) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones. Hja steane bekend om har fermogen om op 'e meast ûnherberchsume plakken te oerlibjen. Nautolanen komme fan Glee Anselm, in planeet dêr't ek de Anselmi, in besibbe ras fan bûtenierdske wêzens, syn oarsprong fynt. Relaasjes tusken de yn see tahâldende Nautolanen en de op it drûge libjende Anselmi binne fan âlds spand.

Nautolanen binne amfibysk en kinne sawol lucht as wetter sykhelje. Se binne it komfortabelst ûnder wetter, mar kinne op it drûge skoan út 'e fuotten. Se lykje op minsken yn 'e sin dat hja twa skonken en twa earms hawwe, en in gesicht mei de eagen, noas en mûle op it wenstige plak. Ek beskikke Nautolanen oer fiif fingers oan eltse hân. Harren hûdskleur is grien, blau, griis, pears, oranje of giel. De eagen binne tige grut en hielendal swart, en dominearje it gesicht. Nautolaanske eagen binne tige gefoelich en hawwe har ûntjûn om op 'e seeboaiem, dêr't mar in bytsje ljocht trochkringt, sjen te kinnen.

It meast opfallende lichemsskaaimerk fan Nautolanen wurdt lykwols foarrme troch de kloft lange, grouwe tentakels dy't harren út 'e efterholle groeit en oan 'e mul ta rikt. Mei dy tentakels wurde se gemyske stoffen gewaar, lykas de feromoanen dy't alle libbene wêzens útstjitte. Nautolanen kinne oan 'e hân dêrfan ynterpretearje wat de emosjonele steat fan in oar wêzen is. De Nautolaanske taal, it Nautila, omfiemet it gebrûk fan feromoanen foar kommunikaasje. Dat is wat dêr't sels komplekse ideeën mei oerbrocht wurde kinne.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki Cereänen Chagrianen Dugs Ewoks Geonosianen Gorax Gunganen Hutts Iktotchi Jawa's Kaleesh Kaminoänen Kel Dor Lanniks Mandalorianen Mirialanen Mon Calamari Nautolanen Neimoïden Palliduvanen Pau'anen Quermianen Thisspiasanen Tholothianen Togruta Toydarianen Tusken-kapers Twi'leks Ugnaughts Utai Wisties Wookiees Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha fathier orbak porg rancor sarlacc tauntaun vulptex wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To Alderaan Bespin Cantonica Cereä Champala Christophsis Corellia Coruscant Crait Dagobah Dathomir Dorin D'Qar Eadu Endor Exegol Geonosis Glee Anselm Hoth Iktotch Iktotchon Iridonia Jakku Jedha Kalee Kamino Kashyyyk Kef Bir Kessel Kijimi Lah'mu Lannik Malastare Mandalore Mimban Mirial Mon Cala Mustafar Naboo Nal Hutta Nar Shaddaa Neimoïdia Pasaana Quermia Ryloth Savareen Scarif Shili Takodana Tana Tatooine Thisspias Tholoth Toydaria Utapau Vandor Yavin
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.