Natzweiler-Struthof wie in konsintraasjekamp fan de nazi's yn de Twadde Wrâldkriich. It leit sa'n fyftich kilometer bûten Straatsburch by it plak Natzwiller (Dútsk: Natzweiler), op 800 meter hichte yn de Fogezen. It wie it iennige Dútske konsintraasjekam op Frânske boaium. De lokaasje wie troch Albert Speer keazen út reden fan de oanwêzigens op dat plak fan granyt dat nedich wie foar de bou fan de nije haadstêd Germania.
Skiednis
It kamp wie fan 21 maaie 1941 oant 23 novimber 1944 operasjoneel. Totaal waarden 40.000 minsken (út Frankryk, Nederlân, Poalen, Noarwegen, Dútslân en de Sovjet-Uny) fêstholden yn Natzweiler-Struthof. De finzenen moasten tige swier wurk dwaan. Mei troch in tekoart oan iten, tramtaasje en it hast ûntbrekken fan sanitêre foarsjennings foelen der in soad deaden. Minsken waarden ek yn de gaskeamer fan it kamp fermoarde en dan ferbârnd yn it krematoarium. Fierders binne der joaden en Sigeuners fermoarde om yn 'anatomysk materiaal' te foarsjen foar it wurk fan August Hirt fan de medyske fakulteit fan de Universiteit fan Straatsburch. 25.000 minsken stoaren foar it ein fan de oarloch. Yn septimber 1944 waard it kamp troch de SS evakuearre fanwegen tichterby kommende Alliearden. Op 23 novimber 1944 waard Natzweiler-Struthof offisjeel troch de Amearikanen befrijd.
Dit kamp wie lykas Groß-Rosen oanwiisd as Nacht und Nebel-kamp, dêr't minsken ferdwine moasten sûnder in spoar nei te litten. De famylje mocht net op de hichte brocht wurden fan it ferstjerren fan in finzene. Der hawwe likernôch 590 Nederlânske fersetsminsken mei útienrinnende politike eftergrûnen fêst sitten; der hawwe 280 fan de oarloch net oerlibbe.
Tal deaden yn Natzweiler
Fan | Oant | Deaden |
---|---|---|
maaie 1941 | maart 1942 | 61 |
april 1942 | maaie 1943 | 750 |
juny 1943 | maart 1944 | 700 |
april 1944 | septimber 1944 | 2.000 |
oktober 1944 | april 1945 | 14.000 |
Kampkommandanten
Kampkommandant | Perioade |
---|---|
Hans Hüttig | april 1941 – maart 1942 |
Egon Zill | maaie 1942 – septimber 1942 |
Josef Kramer | oktober 1942 – april 1944 |
Friedrich Hartjenstein | maaie 1944 – jannewaris 1945 |
Heinrich Schwarz | febrewaris 1945 – april 1945 |
Berjochting nei de oarloch
Fritz Hartjenstein stoar yn de finzenis, dat syn deastraf koe net útfierd wurde. De oare twa ta de dea feroardielden waarden op 11 oktober 1946 ophongen. Berjochte binne:
- Franz Berg: deastraf (eksekútearre)
- Kurt Geigling: 10 jier finzenis
- Fritz Hartjenstein (kommandant): deastraf (stoar foar it fonnis útfierd wurde koe)
- Josef Muth: 15 jier finzenis
- Peter Straub (Nazi): deastraf (eksekutearre)
- Magnus Wochner: 10 jier finzenis
Bekende finzenen
- Floris Bakels
- Herman Bernard Wiardi Beckman
- W.L. Brugsma
- Jean Michel Caubo
- Jan de Pagter
- Gerard van Hamel broer fan Lodewijk van Hamel
- Boris Pahor
- Joseph Schmidlin
- Carel Steensma
- Willem van Lanschot
- George Maduro
- Pim Boellaard
Literatuer
- Hinke Piersma: Doodstraf op termijn (2006) ISBN 90-5730-442-2
- Floris Bakels: Nacht und Nebel; mijn verhaal uit Duitse gevangenissen en concentratiekampen (1977) ISBN 90-435-0366-5
- Willem Lodewijk Harthoorn: Verboden te sterven (1963, 2007) ISBN 978-90-75879-37-7