It begryp naturalisme ferwiist yn de literatuerwittenskip nei in literêre streaming dy't permanint oanwêzich wie yn de perioade 1850-1900 en fral ta utering kaam yn it proaza en it drama. Dy streaming wie in gefolch (of neffens guon: ûnderdiel) fan it literêre realisme en wurdt sjoen as in streekrjochte tsjinreaksje op de romantyk.

Naturalisme, romantyk en realisme

Grutte ferskillen tusken de doetiidske romantyske tendins oan 'e iene kant en it realisme en naturalisme oan 'e oare kant binne de tematyk, werjefte en wurkwize.

Wylst de romantyske keunstner faak it idealistyske, boppenatuerlike en fantastyske behannelet, rjochtsje de realisten naturalisten harren op it alledeiske. Yn de romantyk stiet de held en de keunstner sintraal, by it realisme en naturalisme wurdt dat de man fan ‘e strjitte, de arbeider. It naturalisme giet dêr noch wat fierder mei: it stelt bytiden ek de prostituee of de sike sintraal. De romantikus hat ûnnocht mei de werklikheid, en ûntrint dy dan ek: de romantikus flechtet yn it fantastyske en ferhevene en ferhearliket it. De realist stapt fan dy ferhearliking ôf, en keart him nei de realiteit. De naturalist, op syn bar, toant syn ûnnocht mei de maatskiplike tastannen. Yn it naturalisme is neat werom te finen fan de idealen fan de romantyk. It docht bliken dy bytiden sels oan te kleien.

It sintrum fan it naturalistyske keunstwurk is it personaazje yn syn miljeu. Dat personaazje is swak en faak siik, ferfeeld, tryst en dekadint. De naturalistyske keunstner behannelet faak de ûntnochtering, teloarstelling en ûndergong fan dat personaazje, en ek de kwealike gefolgen dêrfan op syn omjouwing. Wylst dat yn it realisme faak dien waard as in flakke werjefte, stiet it naturalisme ek foar in wittenskiplike ûnderbou en stúdzje. De romantyske keunstner wurdt profilearre as in geniale poeta vates, de realistyske as in objektive poeta faber. De naturalist beskôget himsels as in wittenskipper.

Wylst yn de romantyske literatuer it goede it opnaam tsjin it minne, en dy respektivlik beleanne en bestraft waarden, falt dy tsjinstelling en dúdlikens fuort yn de naturalistyske. It wrâldbyld giet fan swart-wyt nei (donker)griis.

Ynfloeden fan bûten de keunst

It naturalisme is dúdlik mear fan bûten de keunst beynfloede as it realisme. By it realisme is in artistyk engaazjemint werom te finen, by it naturalisme ek in wittenskiplike-filosofisyke en in politike.

Fan grut belang foar it ûntstean en ûntjouwing fan it naturalisme is it darwinisme, dat opkaam nei de útjefte fan Charles Darwins The Origin of Species yn 1859. It fersterkte de miening fan de naturalisten dat de persoanlikheid in skepping is, fan erflikens (genen) en omjouwing.

Ek likegoed, en foar de Frânske naturalisten sels gâns, fan ynfloed wie de leare fan it sosjaal positivisme en de tapassing dêrfan op de literatuerwittenskip fan Hippolyte Taine: net it sjeny fan de keunstner is de grutst skeppende krêft efter in keunstwurk, dêr’t dy bleatsteld wie oan de komponinten "race, milieu et moment" (kulturele groep, omjouwing en tiid, ferlykber mei de genius seculi).

Charles Augustin Sainte-Beuve, in Frânsk literêr kritikus, brocht de auteurs teoryen by dy’t ferlykber binne mei dy fan Taine. Ek Sainte-Beuve ornearre dat it wurk fan in keunstner net loskeppele worde mei fan inkele bepalende faktoren, lykas biologysk-sosjaal miljeu, godstsjinst en bertegrûn, mar leaude net - yn tsjinstelling ta Sainte-Beuve - yn in “oerhearskjend eigenskip”. Filosoof en sosjolooch Auguste Comte brocht de naturalisten yn kontakt mei it wittenskiplik positivisme, dat ynhâlde dat in nije en ferbettere wittenskip oer de maatskippij liede soe ta maatskiplike ferbettering, troch middel fan oarder en foarútgong.

Filosofysk hie it naturalisme fral tryste ynfloeden:

  • pessimisme: de werklikheid en it libben feroarsaakje ûnûntkomber en benammen ûnk en illinde.
  • determinisme: de minsk spilet in ûnderhearrige rol yn syn eigen lot, dat fan bûtenôf fêststeld wurdt.
  • fatalisme: it neadlot is ûnûntkomber en foarbeskieden.

De ûntjouwing fan it naturalisme hinget foar in part - en net tafallich - gear mei dy fan it sosjalisme (it earste part fan Marx’ Das Kapital ferskynde yn 1867 en It kommunistysk manifest yn 1848). De naturalist toande syn engaazjemint troch sosjale wantastannen en de seare plakken fan de maatskippij bleat te lizzen troch middel fan tema’s as prostitúsje, dekadinsje, earmoede en rasisme, mar likegoed materialisme en yndustrialisearring. Naturalisten kieze yn harren wurk faak de kant fan de lytse man, tsjin de bourgeoisie, wêrtroch’t hja in soarte fan hiemhûnfunksje ferfolle, ek al seagen hja harsels as objektive wittenskippers.

Émile Zola, ien fan de wichtichste figueren út it Frânsk naturalisme, hie it dan ek oer “le roman expérimental”. Hy wie fan miening dat de keunstner in wittenskipper wurde moast, dy’t in objektive analyze fan de minske jout. Foar him bestie de naturalistyske technyk út in temperamint yn in miljeu te pleatsen (it opstellen fan kondysjes), en dêrnei te registrearjen wat der bart neffens deterministyske regels.

Wichtige wurken dy’t - fral de Frânske - naturalisten beynfoede hawwe, wiene Introduction à la médicine expérimentale (1865) fan psycholooch Claude Bernard en Hérédité naturelle (1847) fan Dr. Lucas.

Naturalisme yn Frankryk

It naturalisme sette útein yn Frankryk, dêr’t it út in jonge tradysje fan it realisme fuortkaam. Gustave Flaubert, in realistyske skriuwer, joech de oanset mei syn yn 1857 ferskynde roman Madame Bovary, dêr’t er in seker wittenskiplikens yn taheakke oan syn realistyske objektiviteit, mar dochs dúdlik de boargerij, yndustrialisearring en ferstedsking bekritisearre. Ek Alphonse Daudet foel op trochdat er ôfwykte fan it suver realisme, mar kin - yn tsjinstelling ta Flaubert - wol as naturalist pur sang sjoen wurde. Syn scientistyske pretinsjes wiene minder mei klam oanwêzich as by oare naturalisten, lykwols wiene se der wol. Sa droech er it fúljeton L’Évangéliste, dat fan 1882 ôf yn Le Figaro ferskynde, op oan neurolooch Jean-Martin Charcot. Yn syn oeuvre fynt men neist naturalistyske (irony, Provençaalske sjarme, sympaty foar de lytse, falende boarger) ek al tekens fan in betiid ympresjonisme.

De bruorren Edmond en Jules de Goncourt droegen ek by ta it naturalisme troch it bleatlizzen fan it ûnbekend-psychologyske efter harren personaazjes en makken seis romans yn kolloboraasje. Harren sin foar nuânse kaam fuort út harren doetiidske berop as skilder-yllustrator.

De meast útspruten eksponint fan it naturalisme wie Émile Zola, dy’t de Europeeske dekadinsje opdielde yn alle wierhiedsekuerens. Bytiden wurdt Zola noch ta de let-romantisy rekkene troch syn projeksje fan syn ferhalen tsjin de eftergrûn fan lotsferbettering. De figueren yn syn romans binne net inkel de keunstner en pryster, mar ek de dokter, mynwurker, prostituee en dronkeman. De wittenskiplike ynfloed yn syn wurk kaam fan Bernard, Lucas en fral Taine.

Ek Guy de Maupassant brocht syn personaazjes werom ta in stik elementêre natoer, slaafsk oan yntuïtive krêften en emoasjes, en skaaimerkte syn wurk troch in anty-metafysysk en aromantsyk objektivisme.

Naturalisme yn Nederlân

De Wikipedy hat ek in side Nederlânske literatuer.

Yn neifolging fan Frankryk bestiet ek yn Nederlân ûnnocht oer de romantysk-idealistyske roman. Ynearsten wurdt der nochal wat ompankoekt hoe’t men omgean moat mei it naturalisme yn de literatuer. Foar skriuwer Lodewijk van Deyssel is net it wittenskiplike aspekt fan beskiedend belang foar it naturalisme, mar it wurkjen nei de natoer ta. Hy achtet ek de keunst noch altiten wichtiger as de wittenskip. Ek leveret er krityk op it samar oernimmen fan it Frânske naturalisme troch Nederlânske auteurs, dy’t neffens him in nije, eigen – en dus Nederlânske – keunstrjochting nei foarren bringe moatte. Hy sprekt fan "sensitivisme" as Nederlânske tsjinhinger foar it Frânske naturalisme.

Hoewol’t it debat om it naturalisme al jierren dwaande wie, set de streaming pas yn 1888 echt útein yn Nederlân. Yn dat jier ferskynt sawol Een liefde fan Van Deyssel as Juffrouw Lina fan Marcellus Emants. Tusken 17 juny en 4 desimber ferskynt yn Het Vaderland boppedat de earste roman fan Louis Couperus yn fúljetonfoarm: Eline Vere. Van Deyssels Een liefde falt fuortendaliks op troch syn stylbreuk middenyn it ferhaal: it earste part is typysk wittenskiplik-naturalistysk, mar yn it twadde part komt syn sensitivisme nei foarren. Van Deyssel sels sprekt oer it twadde part as utering fan ympresjonisme.

Nettsjinsteande Van Deyssels oprop ta it kreëarjen fan in typysk Neederlânske streaming, stean de auteurs dochs dúdlik noch ûnder de Frânske ynfloed, en binne it - sa’t Zola it seit - "anatomen dy’t in temperamint bleatlizze". Wol typysk foar it Nederlânske naturalisme is de tradysje fan écriture artiste ("wurdkeunst"), dy’t by Van Deyssel begjint en sterk ta utering komt yn it oeuvre fan Israël Querido en Arnold Aletrino, mar ek wer werom te lûken falt ta de skriuwstyl fan Edmond en Jules de Goncourt. Trocht is skjinne taalgebrûk woe Van Deyssel bydrage ta de wrâldliteratuer, mar dat hie ta gefolch dat dy skriuwstyl in moadeferskynsel waard. De iennige Nederlânske skriuwer dy’t mei syn nochteren skriuwstyl en alledeiske wurdkar dúdlik net beynfloede waard troch de bellettry is Paul Adriaan Daum, nei alle gedachten trochdat er him fêstige hat yn Nederlânsk-Ynje, fier fan de literêre rûntes yn Nederlân.

Nei de roman Noodlot út 1890, syn twadde (naturalistyske) roman, stapt Couperus fan it naturalisme ôf, en kriget yn syn skriuwen mear oanstriid nei it dekadintisme. Ek Van Deyssel, jierrenlang foarfjochter fan de streaming, ferlit dy. Fan de trije grutste Nederlânske naturalistyske auteurs (Van Deyssel, Couperus en Emants) giet inkel Emants troch mei it skriuwen yn de styl.

Opfallend is dat de trije haadpersonaazjes út de earste naturalistyske romans fan 1888 fan itselde type binne: sawol Eline Vere, Frou Lina as Mathilde (út Een liefde) binne nerveuze froulju. De trije skriuwers wiene der dan ek fan oerstjûge dat harren publyk benammen út froulju bestiet. Oarsaak fan de nerveuze frou as protagonist binne de opkomst fan de psychoanalyze en harren nijsgjirrige karakter foar de auteur as wittenskipper: oergefoelige persoanen binne makliker as objekt ûnder te ferdielen. Ek al is dat in typysk naturalistysk (en dêrtroch anty-romantysk) fenomeen, de nerveuze personaazjes stribje stik foar stik nei romantyske idealen, mar troch harren falen en ûntnochtering kin dat sjoen wurde as in tsjinreaksje. Ek it idee fan determinisme stiet sintraal; it hanneljen fan de personaazjes is it resultaat fan de omstannichheden dêr’t hja yn ferkeare, hja binne der net sels skuldich oan.

Noch in oar wichtich skaaimerk fan benammen de Nederlânske naturalistyske roman is de ôfkeer fan de bourgeoisie.

De Nederlânske naturalistyske romans besteegje fierder ek omtinken oan seksualiteit, faak yn de foarm fan selsbefrediging of homoseksualiteit of de besite oan in bordeel. It omtinken hoecht net sjoen te wurden as in besykjen ta emansipaasje, mar is bedoeld as utering fan degeneraasje yn de maatskipij.

De roman Van de koele meren des doods út 1900 fan Frederik van Eeden is faak yndield by it naturalisme, mar is dêrop yn feite in reaksje. Foar de as ûnûntkombere beskôge needlottige ôfrin oer woe Van Eeden in positiver alternatyf toane. Syn haadpersonaazje Hedwig Marga de Fontayne is in nerveuze frou lykas hjirboppe sketst, mar wit úteinlik wol har troch erflikens en miljeu bepaalde karaktereigenskippen te oerwinnen, tanksij de help fan de psychoanalyze - dy’t dêr dus net beheind bliuwt ta in wittenskiplik observearjende rol - en de krêft fan de religy.

Naturalisme yn Fryslân

Sake Kornelis Feitsma: de iennige echte naturalist yn ‘e Fryske literatuer
De Wikipedy hat ek in side Fryske literatuer.

Wêr’t Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen dúdlik as realisten yn ‘e Fryske literatuer neamd wurde, is dat in stik dreger fan it naturalisme. Fernijingen, lykas it naturalisme, kringe yn ‘e Fryske literatuer wol troch, mar it duorret faaks in skoftke ear’t dat werom te finen is yn it oarspronklike wurk fan Fryske skriuwers. As echte naturalist is allinne de skoalmaster Sake Kornelis Feitsma yn ‘e Fryske literatuer oan te wizen. By gjin oare Fryske skriuwer wurdt it idee dat minsken yn harren libben bepaald wurde troch erflike faktoren, troch miljeu en opfieding, sa útwurke. Feitsma skreau om de iuwwikseling hinne in searje fan seis naturalistyske ferhalen, dêr’t de ynfloed fan de Frânske skriuwer Émile Zola sûnder mis yn te werkennen is. It earste ferhaal, Ut ‘e modder fan ‘e maatskippij waard publisearre yn it tydskrift Forjit my net yn 1893. Oare ferhalen waarden ek publisearre yn For hûs en hiem en Swanneblommen. Yn it foarwurd fan Ut ‘e modder fan ‘e maatskippij beneamt er himsels as in realistyske skriuwer. De searje ferhalen is pas fier nei syn dea sammele yn de bondel Ut ‘e ûnderste lagen.

Naturalisme earne oars

De Wikipedy hat ek in side Dútske literatuer.
De Wikipedy hat ek in side Russyske literatuer.

Yn Dútslân wie fral Theodor Fontane fan belang foar it naturalisme, faak beskôge as de earste moderne Europeeske auteur. Syn nije psychologyske romantechnyk, mei ek foar it sosjale, stimulearre de Dútske literatuer, en wie fan grutte ynfloed op Thomas Mann en Hermann Hesse. As realist, en skatplichtich oan Zola, registrearre er út liberaal perspektyf wei en mei irony de fernijde Berlynske maatskippij.

Yn Skandinaavje wiene de Noar Henrik Ibsen en de Sweed August Strindberg de foarneamste auteurs fan de streaming. Ibsen, beynfloede troch Kierkegaard en Nietzsche, mar likegoed troch Taine en Darwin, plachte foar de individuele selsferwêzentliking tsjin tradisjonele konvinsjes yn, dêr’t er it realisme en naturalisme mei oer stiich. Dochs wurdt er nog hieltiten beskôge as Noarsk kopstik fan it naturalisme. Ek Strindberg falt de klassifisearjen ûnder it naturalisme wylst er it likegoed oerstiich. Naturalistyske eleminten lykas erflikens, miljeu, opfieding en tafalligens komme oan bar, mar dat is ek it gefal foar it okkultisme en mystisisme, twa mear romantysk-idealistyske eleminten.

Yn de Russyske literatuer gou de perioade tusken 1800 en 1890, benammen troch it ôfnimmen fan de sinsuer, as de gouden iuw. Yn feite begjint de moderne Russyske literatuer by Aleksandr Poesjkin, mei syn komst feroare de literatuer gâns. Yn dy perioade wie it Russysk realisme de sintrale streaming dêr’t in spanning fielber wie tusken de skriuwers dy’t oan ‘iene kant Westersk en oan ‘e oare kant Eastersk oriïntearre binne. Der kamen skriuwers op as Leo Tolstoj, Dostojevski, Gontsjarov , Toergenjev en Anton Tsjechov, hja skreauwen literêre masterwurken. Dy skriuwers wurde faak rekkene ta it Russysk realisme, realisme en naturalisme binne dan ek lêstich te skieden. Michail Artsybasjev en Aleksandr Koeprin soene faaks wol ta it naturalisme rekkene wurde kinne.

Naturalistysk teater

Wat letter as de naturalistyske roman, ûntjoech him it naturalistyske teater. Dêr waard yn besocht de perfekte yllúzje fan de realiteit wjer te jaan troch dramatyske en teatrale strategieën: detaillearre en trijediemensionaal dekôr, proaïske en alledeiske dialogen, ôfwêzigens fan fantastyske (boppenatuerlike) of eksoatyske eleminten, krêften en lokaasjes, en it omtinken foar sosjale eftergrûn. Fral yn Frankryk, Dútslân, Ruslân en Skandinaavje waard der eksperimentearre mei it naturalistyk teater.

Ein en neilittenskip

Nettsjinsteande de geskikte tiidsbûne omkadering wie it naturalisme mar in tige beheinde kringen súksesfol. It grutte publyk bleau noch altiten by idealistyske en ferheffende romans, en rekkene ôf mei it naturalisme omdat it te grou, rûch en pynlik wie. Mooglik troch it útbliuwen fan súkses, mar wis trochdat hja útsjoen wiene op de techniken, ferlieten in soad skriuwers it naturalisme tsjin de ein fan de njoggentjinde iuw. Al yn 1981 kundige Van Deyssel de dea fan it naturalisme oan.

Dy twa oarsaken soene úteinlik soargje foar it útdôvjen fan de streaming. It naturalisme waard lykwols ferkrongen troch in oare streaming, in “isme”, lykas it realisme/naturalisme de romantyk ferkrong, mar opfolge troch in groep ferskate moderne stilen, lykas it symbolisme en de neoromantyk. Tsjintwurdich giet men der bytiden fan út dat it naturalisme sjoen wurde kin als de earste moderne streaming, dêr’t dy de definitive breuk betsjutte mei it romantysk-idealistyske.

It naturalisme wie fan grut belang foar de ûntjouwing fan de psychologyske roman, het fatalisme sil weromkeare yn de neioarlochske eksistensjalistyske literatuer en de engazjearre emansipaasjeroman. Ek de moderne bellettry is foar in part skatplichtich oan dy streaming. De ynfloed fan de ljocht-en kleurrike beskriuwings yn de naturalistyske roman is ek dúdlik werom te finen ûnder it ympresjonisme, it sciëntistyske yn de post-ymresjonistyske tendinsen.

Der is lykwols gjin ferbân tusken it naturalisme fan de njoggentjinde iuw en de muzykstreaming naturalismo of freakfolk yn de ienentweintichste iuw.

Skaaimerken naturalistyske literatuer

  • sekulier wrâldbyld
  • nerveuze, swakke en/of sike protagonist
  • natuerlike dialogen foar neologismen oer yn de fertelling
  • taboetrochbrekkende seksualiteit
  • ûntnochtering fan personages
  • each foar de lytse man
  • omtinken foar sosjale omjouwing
  • ûnbeoardieljende ferteller, dy’t in objektive hâlding oannimt oangeande de haadpersoanen
  • mannichfâld gebrûk fan de frije yndirekte rede
  • sosjale misstannen
  • ôfwêzigens metafysyske of symbolyske eleminten
  • hast wittenskiplike werjefte ûnderlizzende eleminten
  • werjefte oannimlike realiteit
  • in soad omtinken foardeterminisme en saken as erfelike bepaaldens.

Émile Zola fette yn in opstel oer Gustave Flaubert de skaaimerken fan de naturalistyske roman (dêr’t er Madame Bovary as it prototype fan seach) yn trije haadpunten gear:

  • In oannimlike werjefte fan it libben, mei oardere sênes en sûnder romantyske eleminten of in te knuzele plot.
  • De protagonist(en) mei/meie gjin boppeminsklike proporsjes besitte, mar is lyk oan de alledeiske minsk.
  • De skriuwer sels besiket folslein te ferdwinen efter de troch him fertelde foarfallen.

Wichtige figueren

Beynfloedzjende wittenskippers

Frânske auteurs

Nederlânske auteurs

Fryske auteurs

Dútske auteurs

Amerikaanske auteurs

Teatermakkers

Byldzjende keunstners

  • Constantin Meunier
  • Jules Bastien-Lepage
  • Marie Bashkirtseff
  • Jean-Charles Cazin
  • Léon Lhermite
  • Alfred Roll
  • Jean-François Rafaelli

Tydskriften

  • De Banier
  • Van Nu en Straks

Keppelings om utens

Literatuer

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.