In boskbrân.

In natoerbrân of natuerbrân is in natoerramp yn 'e foarm fan in ûnwinske en ûnbehearske brân yn in gebiet mei brânbere fegetaasje bûten de beboude kom. Ofhinklik fan 'e plantegroei dy't yn sa'n gebiet oanwêzich is, kin sprutsen wurde fan in boskbrân (bosk), feanbrân (fean), heidebrân (heide), dúnbrân (dunen), prêrjebrân (prêrje), steppebrân (steppe), heuvelbrân (heuvels) of woastynbrân (woastyn). Boskbrân is de bekendste foarm fan natoerbrân, om't natoerbrannen yn boskgebieten it fûleindichst en meast sichtber binne. Yn Noard-Amearika sprekt men fan in wildfire ("wyldbrân") en yn Austraalje fan in bushfire ("plattelânsbrân" of "strûkbrân"). Natoerbrannen ûntsteane troch natuerlike oarsaken lykas wjerljochtynslaggen, mar teminsten likefaak troch minsklik yngripen. Yn it lêste gefal kin it gean om in fersin troch ûnachtsumens, mar ek om pyromany, it moedwillich oanstekken fan brân. Kontrôlebrannen, dy't oanstutsen wurde troch de brânwacht of in oare foechhawwende ynstânsje en bedoeld binne om brângefaar wei te nimmen troch it ûnder behearskbere omstannichheden ferbaarnen fan potinsjele brânstof foar natoerbrannen, wurde net ta natoerbrannen rekkene.

De oanwêzigens fan fossile houtskoal yn beskate grûnlagen jout oan dat natoerbrannen begûnen koart nei de ferskining fan lânplanten, sa'n 420 miljoen jier lyn. De Ierde is in ynherint brânbere planeet, sjoen syn begroeiïng mei koalstofrike planten, syn klimaten mei seizoensbûne drûchten, de soerstofrike atmosfear en de rûnom foarkommende wjerljochtynslaggen en fulkaanútbarstings. It foarkommen fan natoerbrannen troch de hiele skiednis fan it libben op lân nûget út ta spekulaasje oer de ynfloed dy't dit natoerferskynsel hân hawwe moat op 'e evolúsje fan 'e floara en fauna yn 'e measte ekosystemen.

In prêrjebrân yn Utah.

Yndividuele natoerbrannen kinne karakterisearre wurde nei oarsaak fan ûntbrâning, hoe't se der útsjogge, it brânbere materiaal dêr't se op tarre en it effekt fan waar op 'e brân. Sa makket in lang oanhâldende drûchte it foarkommen fan natoerbrannen wierskynliker, en as se ienris ûntbrâne, makket it se ek dreget te blussen. Fierders boazet natoerbrân oan troch hurde wyn, wylst rein in blussend effekt hat. Ek op it mêd fan 'e wize fan fersprieding kin ûnderskie makke wurde tusken ûnderskate natoerbrannen. In grûnbrân is in brân dy't grutdiels ûnder de grûn plakfynt, bgl. yn feangebieten, dêr't de ûndergrûn bestiet út rotsjende planten. In rinbrân is in brân yn 'e ûnderste fegetaasjelaach yn in bosk, lykas leech strewelleguod en de struisellaach fan dead blêdmateriaal op 'e wâldboaiem. In krúnbrân is it ferskynsel dat in brân fier boppe de grûn fan 'e krún fan 'e iene beam oerspringt nei dy fan 'e oare.

Natoerbrannen kinne grutte skea tabringe oan 'e natoer en oan minsklike besittings lykas huzen. Bisten en minsken kinne by dit soarte natoerramp maklik omkomme as se troch it fjoer ynsletten reitsje. Nettsjinsteande dat hawwe natoerbrannen ek faak positive effekten op lânseigen floara en fauna yn ekosystemen dêr't sokke brannen fan âlds foarkomme en dy't der dus mei evoluëarre binne. Sa makket natoerbrân romte foar nije plantegroei en binne guon beamsoarten der sels fan ôfhinklik foar de fuortplanting. Op eksoatyske planten yn sokke ekosystemen en yn ekosystemen dêr't natoerbrannen net fan natuere foarkomme, hawwe sokke brannen lykwols in sterk negatyf ekologysk effekt.

In bosk yn 'e jiske lein nei in boskbrân yn 'e Cascades.

Sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is it foarkommen fan natoerbrannen yn guon dielen fan wrâld sterk tanommen. Men kin dan tinke oan it westen fan 'e Feriene Steaten (fral Kalifornje), súdeastlik Austraalje, it Amazônegebiet fan Brazylje, it westen fan Kanada, de Sibearyske taiga en dielen fan Portegal, Spanje en Grikelân. Anno 2020 is net mear te ûntstriden dat klimaatferoaring in wichtige rol spilet by de jier nei jier almar oanboazjende natoerbrannen. Guon fan 'e slimste natoerbrannen dy't sûnt 2010 foarkamen, wiene:

  • de boskbrân fan Fort McMurray (2016), dy't late ta de gruste evakuaasje yn 'e skiednis fan Kanada;
  • de boskbrannen yn Grikelân (2018), dêr't teminsten 88 minsken by omkamen;
  • de boskbrân fan Camp, yn 2018 yn Kalifornje, dy't it hiele stedsje Paradise ferwoastge en ta de dea fan teminsten 88 minsken late;
  • de opsetlik oanstutsen boskbrannen yn it Amazônegebiet (2019), yn Brazylje, dy't in rekôrgrutte berikten;
  • de natoerbrannen yn Austraalje (2019-2020), de saneamde Swarte Simmer, dy't oan 33 minsken en mear as 3 miljard bisten it libben koste;
  • en de natoerbrannen yn de westlike Feriene Steaten (2020), wêrby't ferskate doarpen folslein ferlern giene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.