De National Trust, folút National Trust for Places of Historic Interest or Natural Beauty, is in woldiedichheidsynstelling yn it Feriene Keninkryk, oprjochte 1895, mei it doel "plakken fan histoarysk belang of natuerlike skientme" yn Ingelân, Wales en Noard-Ierlân te behâlden. Yn Skotlân bestiet de National Trust for Scotland. De National Trusts binne foar in part te ferlykjen mei Monumintesoarch en de Feriening Natuermonuminten yn Nederlân.
De organisaasje is ûnôfhinklik fan de oerheid. It ynkommen bestiet út entreejild, abonneminten fan de 3½ miljoen leden, donaasjes en legaten en de winst út kommersjele sydlingske aktiviteiten. Het dagelijks werk is grotendeels in handen van meer dan 42.000 frijwilligers. De ynstelling hat besittingen op letterlik tûzenen plakken, lykas 350 histoaryske huzen, tunen, fabriken en mûnen, dy't meielkoar alle jierren san'n 14 miljoen beteljende besikers lûke.[1] Ut namme fan oaren en mei lokale partners beheart de National Trust bosken, sompen, marren, eilannen, strannen, boerelân en archeologysk erfgoed. It totale oerflak fan it ûnreplik goed fan de National Trust beslacht 2520 km², dat is hast 1,5% fan Ingelân, Wales en Noard-Ierlân meiïnoar.
Healwei de 20e iuw ûntstie der mear omtinken foar bûtenpleatsen en lângoeden, navenant dat de finansjele en arbeidsyntinsive lêsten fan soksoarte besittingen foar hieltiid mear eigeners swierrichheden joech. Nei de beurskrach fan oktober 1929 koe de Trust bygelyks it doarp West Wycombe yn Buckinghamshire mei West Wycombe Park oernimme fan de aadlike famylje Dashwood. Ek it doarp Lacock yn Wiltshire is hast hielendal besit fan de National Trust.
De organisaasje is registrearre as "registered charity no. 205846".
Meast besochte plakken
Yn it boekjier 2005/2006, dat einige op 28 febrewaris 2006, wiene der 70 plakken mei mear as 70.000 besikers. De top 3 is:
- Wakehurst Place 423.819 besikers
- Stourhead House & Garden 344.179
- Fountains Abbey & Studley Royal 312.326
Sutton Hoo mocht dat jier 91.293 besikers wolkom hjitte.
Keppeling om utens s
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |