Natasha Storm
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Letsk
berne26 desimber 1976
berteplak ? (Letlân)
etnisiteit Letsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf19981999
offisjele webside
gjint

Natasha Storm, echte namme ûnbekend (26 desimber 1976), is in rêstend Letsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't har artystenamme ek wol op 'e Frânske manear stavere, as Natacha Storm. Hja wie ein njoggentiger jierren aktyf yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en wurke benammen gear mei de Frânske regisseur Pierre Woodman.

Libben en karriêre

Storm waard yn 1976 berne yn Letlân. Yn 1998, doe't se 22 jier wie, waard se ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't se datselde jiers noch har debút makke yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Storm yn 1998 en 1999 yn totaal yn in seistal films, allegear foar it Sweedske Private-label. Dêrby wurke se benammen gear mei Woodman. Har bekendste films wiene African Dream (1999) en Sex Therapy 2 (1999). Ein 1999 loek Storm har út 'e Jeropeeske pornoyndustry werom.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.