![]() DAF-touringcar ESA 133, boujier 1964, mei karrossery fan Groenewold, fan it Nationaal Bus Museum op 5 oktober 2003 |
![]() DAF-streekbus Noord-Westhoek 2, boujier 1975, mei karrossery fan ZABO, fan it Nationaal Busmuseum op 24 maaie 2008 yn Hoarn |
It Nasjonaal Bus Museum te Hegesân, oant 2011, it Noardlik Bus Museum te Wynskoat is in stifting mei as doel it bewarjen, restaurearjen en riidree hâlden fan autobussen, benammen út Noard-Nederlân.
De kolleksje
It museum behearret in samling fan sa'n 25 histoaryske autobussen, dêr't in part fan noch ride kin en mei en in oar part noch op restauraasje wachtet. Dit materieel datearret fan de jierren tritich oan tachtich fan de 20e iuw en komt fan meast net mear besteande bedriuwen sa as DAM, ESA, FRAM, GADO, GDS, GVB Groningen, Harmanni, Leeuwarder Auto Bedrijf, Marnedienst, NTM, NWH, OAD, Pieper, Autobedriuw ZWH e.o. In apart eksimplaar is de Volvo / Berkhof finzenebus, dy't brûkt is troch it finzeniswêzen yn Nederlân.
Neist bussen hat it museum ek attributen fan it iepenbier ferfier út de noardlike provinsjes en in argyf mei dokumintaasje, ûnder oaren fan it eartydske Kromhout, makker fan autobussen en frachtweinen.
Húsfesting
Sûnt 1985 húsmannet it museum yn in garaazje út 1954 fan it eartiidske streekferfierbedriuw GADO. It pân wurdt hierd fan de gemeente Wynskoat. Yn 2010 is it museum ferhuze nei in grutter gebou yn Martenshoek by Hegesân, dêr't de hiele kolleksje yn ien kear besjoen wurde kin.
Kolleksje (karút)
Nûmer | Bedriuw | Jier | Type | Opmerking | Ofbyld |
---|---|---|---|---|---|
4400 | GADO | 1958 | Leyland-Verheul | streekbus op 15 maart 1982 oernommen fan GADO | ![]() |
66 | Harmanni | 1964 | Mercedes-Benz, Jonckheere | ![]() | |
133 | ESA | 1964 | DAF-Groenewold | ![]() | |
154 | DAM | 1965 | DAF-Smit Appingedam | Yn febrewaris 1982 oernommen fan GADO | ![]() |
22 | GDS | 1967 | Leyland-Den Oudsten | streekbus | ![]() |
1121 | Noord-Oost-Friesche Autobusonderneming | 1968 | Leyland-Verheul LVB668 | standertstreekbus Citosa/Westnederland 1111 |
![]() |
7 | GVG | 1968 | Leyland-Verheul | stedsbus | ![]() |
17 | Leeuwarder Auto Bedrijf | 1968 | DAF-Smit Joure | ![]() | |
88 | Autobedriuw ZWH | 1971 | DAF-Hainje | ![]() | |
2 | Noord-Westhoek | 1975 | DAF-ZABO | streekbus | ![]() |
2783 | Groninger Autobusdienst Onderneming | 1975 | Leyland-Den Oudsten | kabrioletbus | ![]() |
5677 | Westnederland | 1976 | Leyland-Den Oudsten | koarte standertstreekbus | ![]() |
57 | DVM | 1977 | Leyland-Den Oudsten | ![]() | |
2692 | FRAM | 1978 | Leyland-Den Oudsten | standertstreekbus | ![]() |
61 | GVBG | 1978 | DAF-Hainje | stedsbus CSA 1 | ![]() |
1671 | FRAM | 1980 | Leyland | ![]() | |
1759 | VAD | 1980 | Den Oudsten-Leyland | ![]() | |
8797 | GSM | 1981 | Den Oudsten | ![]() | |
36 | Noord-Westhoek | 1986 | DAF-Den Oudsten | standertstreekbus | ![]() |
44 | Pieper | 1988 | Volvo-LAG AI450 | ![]() | |
52 | GVU | 1989 | DAF-Hainje | stedsbus CSA 2 | ![]() |
519 | GVU | 1990 | Volvo-Den Oudsten B88 | gearstalde bus | ![]() |