Under de term Napoleontyske Oarloggen wurdt in rige oarloggen en konflikten ferstien tusken 1803 en 1815. De oarloggen wienen in útrinder fan de Frânske revolúsje en oerspanden in diel fan de Earste Frânske Republyk en it hiele bestean fan it Earste Frânske Keizerryk.

De term Koälysjeoarloggen wurdt ek wol brûkt foar de hiel perioade fan oarloch tsjin Frankryk, net allinnich de Frânske revolúsjonêre oarloggen (Earste en Twadde Koälysjeoarloch, 1792-1802) as de Napoleontyske Oarloggen (1804-1815). De oarloggen waarden nammentlik alle kearen fochten tusken Frankryk en in koälysje fan lannen as tsjinstanner. Sûnt 1799 hat Napoleon Bonaparte yn Frankryk de macht. Hy ferovert hast it hiele Europeeske kontinint, mar nei de ferovering fan Moskou yn 1812 keare de kânsen. Yn 1815 wurdt hy by Waterloo definityf ferslein. Op it Wener Kongres wurdt in nij Europeesk machtslykwicht foarme.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.