Napoleon III

Napoleon III, offisjeel Karel Loadewyk Napoleon Bonaparte (Parys, 20 april 1808 - Chislehurst by Londen, 9 jannewaris 1873), wie keizer fan de Frânsen fan 1852 oant 1870.

Karel Loadewyk Napoleon wie de tredde soan fan Loadewyk Napoleon, kening fan Hollân, en Hortense de Beauharnais. Hy gie yn 1815 tegearre mei syn mem yn ballingskip. Hy stribbe nei de weroprjochting fan it Napoleonistyske ryk yn 'mear moderne geast'. Nei twa kear fergeef besykjen om troch steatsgrepen in ein te meitsjen oan it boargerkeningskip (Straatsburch 1636, Boulogne 1840) waard er ta finzenisstraf feroardele. By de presidintsferkiezings dy't nei de febrewarisrevolúsje fan 1848 holden waard, segefiere hy oer Cavaignac en waard op 20 desimber 1848 presidint fan de Twadde Republyk. In op 2 desimber 1851 (jierdei fan de keizerskroaning fan Napoleon I) ûndernommen steatsgreep makke him ta allinnich hearsker.

Op 2 desimber 1852 liet er him ta keizer fan de Frânsen útroppe en 29 jannewaris 1853 troude er mei Eugénie fan Montijo. As bûnsmaat fan de Feriene Keninkryk stipe hy de Ingelsken yn de Krimoarloch tsjin Ottomanen. Nei't de Italjaan Orsini in mislearre oanslach op syn libben die, stipe er de troch Cavour late Italjaanske frijheidsbeweging en fierde yn 1859 kriich tsjin Eastenryk dê't rtroch him oerwinnings behelle waarden by Magnenta en Solferino; yn 1860 live hy dêrfoar Savoye en Nizza by Frankryk yn. De Lúksemboarchske kwestje brocht him in nederlaach. Binnenlânsk besocht er, as gefolch fan tanimmende opposysje, yn 1870 syn diktatuer troch in parlemintêr ministearje te ferfangen.

Yn de Frânsk-Dútske Oarloch (1870-1871) late syn legers nederlaach op nederlaach. By Sedan waard er sels op 2 septimber 1870 finzennaam en waard er in kriichsfinzene. Hy kaam pas wer frij op 9 maart 1871 en ferliet Frankryk nei Chislehurst by London.

Napoleon III boaske yn 1853 oan de Spaanske grevinne Eugénie de Montijo.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.