Nanning Hendrik Bulthuis (Ljouwert 28 april 1885 - dêre, 28 augustus 1977) wie in skipsbouwer en byldhouwer. Syn kolleksje wurdt bewarre yn it Frysk Museum

It restaurearjen en bouwen fan boaten brocht in nije beuzichheid mei. Op de botters moasten fersiersels yn hout makke wurde. Hy krige in soad niget oan dat reliëfwurk. Hy begûn ek bylden te snijen, dat lêste waard syn grutte hobby. Meastentiids makke hy bylden nei oanlieding fan barrens yn de maatskippij dy't him oangrypten.

Yn Huzum (Ljouwert) stie oant 2004 it Nanning Hendrik Bulthuis-museum. Yn it Museum foar Tsjerklike Keunst yn Warkum steane ek bylden fan him.

Literatuer

  • Dr. M. Bulthuis - Nanning Hendrik Bulthuis. Zijn leven-zijn werk

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.