Nairobi
Sakesintrum Nairobi
Sakesintrum Nairobi
Polityk
LânKenia
ProvinsjeNairobi
BoargemasterGeoffrey Majiwa
Sifers
Ynwennertal4.397.073 (2019)
Oerflak696 km²
Befolkingsticht.6.317 / km²
Hichte1661 m
Oar
Stifting1899
TiidsôneEAT (UTC+3)
SimmertiidGjin
Koördinaten
Offisjele webside
www.nairobicity.org
Lizzing Nairobi yn Kenia
Plattegrûn fan Nairobi mei de wichtichste gebouwen

Nairobi is de haadstêd en grutste stêd fan Kenia. De stêd leit oan de rivier mei deselde namme op in hichte fan 1.661 meter yn it suden fan it lân. De namme komt fan it Masai Ewaso Nyirobi, dat 'koele wetters' betsjut. It oantal ynwenners wie yn 2007 sa'n 2.864.667 (yn de stedekloft 3.778.742) en yn 2019 4.397.073. De talen dy't dêr it meast sprutsen wurde binne: Swahily, Kikuyu en Ingelsk. De gemeente Nairobi hat yn Kenia de status fan in provinsje.

Nairobi waard yn 1899 yn in sompe stifte as befoarriedingsdepot foar it Ugandaspoar tusken Mombassa en Uganda. Yn 1905 krige it de status fan haadstêd fan de provinsje Nairobi. De stêd waard begjin 20e iuw folslein fannijs boud, neidat it rekke waard troch in pestepedimy en platbaarnd wie. Dêrnei bleau de stêd groeien. Nairobi waard yn 1907 haadstêd fan it Britsk East-Afrikaansk Protektoraat, yn it plak fan Mombassa, en bleau dat ek nei it ûnôfhinklik wurden fan Kenia yn 1963.

Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie dêr de rebûlje fan de Mau Mau.

Augustus 1998 pleegde de terroristske organisaasje Al Qaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Nairobi.

Ferfier

Nairobi hat in ynternasjonale lofthaven, Jomo Kenyatta International Airport, de grutste fan East- en Sintraal Afrika. Yn 2006 ferwurke it 4,4 miljoen reizgers. Under oaren de KLM, Kenya Airways en British Airways fleane op Nairobi. De lofthaven is te berikken mei de taksy, bus en pindelbus. Kenia hat noch twa oare lofthavens foar ynternasjonaal ferkear: yn Mombassa en yn Eldoret.

Wilson Airport is in lyts, mar drok, fleanfjild yn it suden fan Nairobi wat troch lytsere fleanmasines brûkt wurdt, bygelyks foar it toeristeferfier. It fleanfjild waard yn de jierren '30 en '40 foar tuskenlâningen brûkt op de rûte fan Southampton nei Kaapstêd. De ynternasjonale helporganisaasje Missionary Aviation Fellowship hat dêr in basis.

Underwiis en wittenskip

Nairobi hat ferskate universiteiten:

  • Universiteit fan Nairobi
  • Kenyatta University
  • Strathmore University
  • United States International University - Nairobi
  • Daystar University
  • Catholic University of Eastern Africa
  • Africa Nazarene University

It East African Herbarium is in herbarium dêr't ûndersyk dien wurdt nei de flora fan East-Afrika.

Berne yn Nairobi

  • Roger Whittaker (1936), Britsk sjonger en tekstskriuwer
  • Richard Dawkins (1941), Britsk etolooch, evolúsjebiolooch en skriuwer fan populêr-wittenskiplike boeken
  • Richard Leakey (1944), paleo-antropolooch
  • Kiran Shah (1956), Keniaansk akteur en stuntman
  • Catherine Ndereba (1972), Keniaansk maratonrinner en olympysk dielnimmer
  • Chris Froome (1985), hurdfytser
  • Jason Dunford (1986), swimmer
  • Stella Mwangi (1986), Noarsk-Keniaas sjongster

Partnerstêden

Befolking

Nairobi mei syn grutste krottewiken (slums)
Krottewyk Kibera, 60% fan Nairobianen wennet yn ien fan de 200 krottewiken

De befolking fan Nairobi groeit op it heden mei 4.1% it jier.[1] Sa't it no liket sil Nairobi syn befolking de 5 miljoen berikke yn 2015.

Jier Ynwennertal Groei
190611,5000
191114,0002,500
192124,30010,300
192629,9005,600
192932,9003,000
193147,80014,900
193961,3003,500
1944108,90047,600
1948119,00020,100
1955186,00067,000
1957221,70035,700
1960251,00029,300
1962266,80017,800
1965380,000113,200
1969509,300129,300
1979827,775318,475
19891,324,570496,795
19951,810,000485,435
19992,143,254333,254
20052,750,561607,307
20093,138,369387,808[2]
Nairobi mei it Uhurupark op de foargrûn
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2009 Census results End, knbs.or.ke; 2010-08-31
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.