In nachtklup op Ibytsa.

In nachtklup (ek skreaun as nachtklub of nachtclub) is in type útgeansgelegenheid dat syn namme tanket oan it feit dat it yn 'e nachtlike oeren iepen is. Sokke saken befine har oer it algemien yn gruttere plakken, mar net altyd. Yn noardlik Fryslân stiet it doarp Berltsum bygelyks bekend om 'e kloft nachtklups dy't dêr fêstige binne. By in nachtklup kin it gean om in diskoteek, in nachtlik poppoadium, in jazzklup of in saak dy't rjochte is op eroatysk fermaak, mei gastfroulju, strippers dy't op poadia stripteases útfiere en mooglik ek mei prostituees. Guon nachtklups kombinearje eleminten fan ferskillende fan 'e foarneamde kategoryen. It is ek mooglik dat in nachtklup op ferskillende jûnen yn 'e wike in ferskillende funksje hat. Yn sa'n gefal wurdt ornaris útgien fan in fêst skema. Wat de drokste jûnen binne foar nachtklups ferskilt per plak, mar oer it algemien binne it freed- en/of sneontejûn, mei't de klupgongers dan de oare deis, yn it wykein, útsliepe kinne.

Nachtklups ûnderskiede har fan bars, pubs en kafees troch tafoeging fan in dûnsflier en teffens fan in poadium foar muzikanten dy't live muzyk fersoargje of, yn it gefal fan elektroanyske muzyk, house of hiphop, foar in live-discjockey, dy't platen draait. Gruttere nachtklups omfetsje faak mear as ien dûnsflier, en soms ek mear as ien poadium dêr't tagelyk optreden wurde kin. Lúksere nachtklups hawwe fierders faak in VIP-room dy't inkeld tagonklik is foar pommeranten en harren entoeraazje. Frijwol alle nachtklups hawwe by de doar ien of mear útsmiters om lestige of smoardronken klanten ôf te fieren en slaanderij en oare swierrichheden bûtendoar te hâlden. By eksklusive nachtklups hawwe sokke útsmiters ek de taak om te bepalen wa't deryn komt en wa net. Soks hat te krijen mei (nei willekeur opstelde) kleanfoarskriften, mar it wurdt gauris brûkt om rasisme te behimmeljen troch bgl. lju mei in dûnkere hûdskleur te wegerjen op basis fan harren klaaiïng.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.