Noardlike Lân- en Túnbou-organisaasje
Noordelijke Land- en Tuinbouworganisatie
algemiene ynformaasje
ôfkoartingNLTO
nasjonaliteit Nederlânsk
type org.belangeferiening
wurkjouwersorganisaasje
wurkmêdlân- en túnbou
haadkertierGrins (Grinslân)
oprjochte1995
opdoekt2005
fuortk. útprov. ôfd. CBTB, KNBTB, KNLC
opgien ynLTO Noard
tal leden15.000
aktyf ynFryslân, Grinslân, Drinte, Flevolân
offisjele webside
n.f.t.

Noardlike Lân- en Túnbou-organisaasje (Nederlânsk en offisjeel: Noordelijke Land- en Tuinbouworganisatie), yn 'e regel ôfkoarte ta NLTO, wie de namme fan trije opinoar folgjende Nederlânske regionale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasjes foar de agraryske sektor en de túnbou yn Noard-Nederlân.[1] De beide lêste organisaasjes wiene regionale belangeferienings dy't oansletten wiene by it lanlike LTO Nederlân.[1] It haadkantoar fan alle trije organisaasjes wie fêstige yn Grins.

Earste NLTO

De earste NLTO ûnstie yn 1993, doe't de provinsjale ôfdielings yn Grinslân en Drinte fan it roomske Katolyk Nederlânsk Boere en Túnkers Bûn (KNBTB) en it liberale Keninklik Nederlânsk Lânbou-Komitee (KNLC) besleaten te fúzjearjen.[1] De earste NLTO bestie los fan 'e ôfdielings Grinslân en Drinte fan it protestantske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB), dy't sels trouwens yn 1993 ferraanden ta CBTB Noard-Nederlân.[1]

Twadde NLTO

De twadde NLTO hie syn woartels yn it gearfoegjen, yn 1995, fan 'e lanlike organisaasjes fan it KNBTB, it KNLC en it CBTB ta de nije koepelorganisaasje LTO Nederlân. Yn it ramt fan dy fúzje waarden datselde jiers de regionale ôfdielings yn Grinslân en Drinte fan it KNBTB en it KNLC (de earste NLTO) en it CBTB (CBTB Noard-Nederlân) ferraand ta in nije NLTO.[1]

Trêde NLTO

De trêde NLTO ûntstie yn 1999, doe't by in algemiene reorganisaasje fan LTO Nederlân de âldere Drintsk-Grinslânske NLTO fúzjearre mei de Frysk-Flevolânske Lân- en Túnbou-organisaasje (FLTO).[1] De nije fúzje-organisaasje behold dêrnei de namme NLTO, mar besloech fan dat punt ôf ek de provinsjes Fryslân en Flevolân[1] en hie yn totaal sa'n 15.000 leden.[1] Yn 2005 gie dizze trêde NLTO, yn 'e mande mei de Westlike Lân- en Túnbou Organisaasje (WLTO) yn Noard- en Súd-Hollân en de Gewestlike Lân- en Túnbou-organsaasje (GLTO) yn Utert, Gelderlân en Oerisel, op yn it nije LTO Noard.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 8 Broersma, Daniël, Het Groene Front Voorbij: De Agrarische Belangenbehartiging door LTO Nederland (1995-2005), Grins/Wageningen, 2010 (Agronomisch Historisch Instituut/University of Groningen Press), ISBN 978-9 03 67 46 441, haadstik 2 Fusie of Federatie: Het Ontstaan van LTO Nederland.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1732.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.