It Normaal Amsterdamsk Peil (meastal ôfkoarten ta NAP) is de referinsjehichte dêr't hichtemjittingen yn Fryslân en Nederlân oan relatearre wurde. Foar it gemak wurdt it NAP lyksteld oan it gemiddelde seenivo, yn werklikheid is it heger (sjoch hjirûnder). Fan oarsprong kaam it NAP oerien mei de geoïde, mar tsjintwurdich komt dit net mear hielendal oerien.
Peilmerken
It NAP-net bestiet út ûngefear 50.000 sichtbere peilmerken, meastal brûnzen boutjes mei it opskrift NAP, oanbrocht yn kaden, muorren, bouwurken of op peallen en boppedat 250 ûndergrûnse peilmerken. De ûnderlinge hichteferskillen tusken de peilmerken wurdt sekuer fêstlein.
Troch boaiembewegingen binne der hieltiten feroarings. Iens yn de tsien jier bepaalt Rykswettersteat opnij de hichte fan de measte peilmerken. De gegevens fan de peilmerken wurde bekend makke yn in NAP-peilmerkelist, dêr't de mjitten hichte t.o.f. it NAP-flak yn oanjûn stiet en de gegevens dêr't it merk te finen is.
Yn 1818 waard it Amsterdams Peil (AP) as fergelikingsflak foarskreaun. Yn 1829 waard it AP foarskreaun nulpunt foar alle peilskalen yn Nederlân. Nei de earste presizenswetterpassing (1875-1885) waard de namme Normaal Amsterdamsk Peil, N.A.P. ynfierd. De ferantwurdlikheid foar de ynstânhâlding fan it NAP-net yn Nederlân is opdroegen oan Rykswettersteat (RWS).
Skiednis
It NAP is it normalisearre Amsterdamsk Peil (AP).
Dit AP wie it Stads Peijl dat yn 1684 bepaald wie en ôflaat wie fan it gemiddelde simmerfloednivo fan it IJ en dus it heechwetternivo. Dit peil waard fêststeld op njoggen foet 5 duym (= 2,67689 meter) ûnder de Zeedijks Hooghte dy't oanjûn wie middels in groef yn in merkstien. De stiennen waarden yn opdracht fan boargemaster Hudde oanbrocht yn de Ienhoarnslûs, Nije Haarleimmerslûs, Alde Haarlimmerslûs, Nije Brêgeslûs, Kolkslûs, Kraanslûs, West-Yndyske slûs en de Scharrebierslûs yn Amsterdam. Fan dizzze stiennen is allinnich dy yn de Ienhoarnslûs (Koarte Prinsegrêft ter hichte fan de Haarlimmerdyk) noch oer. De stien en de slûs binne yn 2005 ta monumint ferklearre.
Yn 1860 waard as fergeliking it AP oerbrocht nei oare brûkte peilen. Hjirby bliek lykwols in fout ûntstien te wêzen. Dat waard fan 1885 oant 1894 korrizjearre (normalisearre). Ter ûnderskied waard it ferbettere peil NAP neamd. AP en NAP binne dus itselde. De oantsjutting 'Normaal' joech yn de tuskenlizzende perioade allinnich oan dat it om in korrizjearre (normalisearre, fandêr de 'N') hichte gie. In (noch) net korrizjearre hichte bleau, oant it momint fan korrizjearjen oantsjutten mei AP. Neidat alle punten normalisearre wienen bleau de oantsjutting NAP hanthavene.
Yn it earstoan waard de betsjutting fan de taheakke letter 'N' net neamd, dêr't minsken troch't spekulearjen gienen oer de betsjutting der fan. De betsjutting 'nij 'of nauwkeurig lei foar de hân, mar yn de notulen fan de 46e gearkomst fan de Rykskommisje foar Graadmjitting en Waetterpassing wurdt sprutsen fan Normaal Amsterdamsk Peil.
Yn 1879 waard Prusen oansluten op it NAP. Het peil hjit dêr Normalnull (NN = NAP). Yn 1973 folgen oare Jeropeeske lannen.
As fersekering fan it NAP is in brûnzen bout op in 22 meter lange heipeal ûnder de Dam yn Amsterdam oanbrocht. Dat punt jildt as 1,43 meter boppe NAP.
Ekstremen
- It leechste punt fan Nederlân leit op 6,76 meter ûnder it Normaal Amsterdamsk Peil yn Nieuwerkerk aan den IJssel.
- Ticht by it trijelannepunt op de Faalserberch is it heechste punt fan Nederlân (NAP + 322,70 m). Yn de list fan heechste punten yn Nederlân stean de heechste punten per provinsje. Ter fergeliking: de hichte fan de stjoermêst de Gerbrandytoer yn IJsselstein bedraacht 367 m.
Opmerklike ferskillen
Binnen 1 kilometer fan elkoar ôf lizze de ENCI-groeve NAP + 5 meter (djipste punt), de Maas streamt op NAP + 45 meter en d'n Observant stekt 170,8 meter boppe NAP út.
It kaartsje hjirneist mei de kustline fan Nederlân is net hielendal goed werjûn. It eilân Goeree-Overflakkee leit foar it grutste part ûnder NAP mei útsûndering fan in gedielte fan de Kop fan Goeree. Dêrneist is it eilân IJsselmonde ek gedeeltlik ûnder NAP.
Sjoch ek
- Trijehoeksmjitting
- Lânmjitten
- List fan referinsjepunten by hichtemjittings
- Rykstrijehoekskoördinaten
- Wetterpasynstrumint
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|