In nâlpiercing of nâlepiercing is in piercing yn 'e direkte omkriten fan 'e nâle. Nettsjinsteande de namme wurdt de nâle sels net pierced. Yn 'e regel giet it hjirby om in piercing troch de hûdploai oan 'e bopperâne fan 'e nâle, sadat it sieraad dat troch de piercing hinne oanbrocht wurdt, yn 'e nâle hinget. By sa'n sieraad giet it faak om in simpele ring of om in rinkje mei in hingerke, mar der besteane ek mear komplekse sieraden dy't spesifyk ûntwurpen wurde foar nâlpiercings.
Nâlpiercings kinne fluch genêze sûnder fierdere swierrichheden, lykas de mear foarkommende earlelpiercing, mar se kinne ek stadiger genêze, lykas in oerflakpiercing, mei in navenent grutter risiko op ôfstjitting troch it lichem. Ofhinklik fan 'e hoemannichte hûd dy't by it meitsjen fan 'e piercing trochboarre is, kin de genêzingstiid útinoar rinne fan minder as 5 moanne oant wol 9 moanne. Krúsjaal is dêrby dat de piercing ûnder de genêzingstiid goed skjinholden wurdt. It genêzingsproses kin dreger makke wurde troch yrritaasje en skansearring feroarsake troch wriuwing fan broekbannen of troch it dragen fan strakke klean.
De skiednis fan 'e nâlpiercing is frijwat dizenich; guon saakkundigen, lykas Doug Malloy, leauwe dat dit gebrûk yn 'e tiid weromgiet oan it âlde Egypte, hoewol't oaren, lykas Jim Ward, sizze dat dêr gjin bewizen foar binne. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw waard de nâlpiercing foar it earst populêr ûnder beskate subkultueren, wêrnei't er yn 'e iere jierren njoggentich yn 'e mainstream-kultuer trochkrong. Tige wichtich wiene yn dat ramt in moadeshow yn Londen, yn 1993, wêrby't mannekên Christy Turlington har nâlpiercing sjen liet, en de fideoklip fan it nûmer Cryin’, fan 'e band Aerosmith, út datselde jier, wêryn't aktrise Alicia Silverstone har nâle pierce liet. Sûnt is it hawwen fan in nâlpiercing, alteast foar froulju, yn 'e Westerske kultuer frij algemien akseptearre rekke.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |