Mythopoeic Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foarmytology en fantasy yn literatuer
útrikt trochMythopoeic Society
frekwinsje1x jiers
1e útrikking1971
offisjele webside
www.mythsoc.org/awards/

De Mythopoeic Awards binne in groep prizen dy't ienris yn it jier troch de Amerikaanske Mythopoeic Society útrikt wurdt oan auteurs fan treflike wurken yn it sjenre fan mytology en fantasy en de wittenskiplike stúdzje dêrfan. De útrikking fan 'e Mythopoeic Awards fûn foar it earst plak yn 1971. Oant 1991 wiene der twa prizen (foàr 1981 net elts jier útrikt) foar fantasy en wittenskiplike stúdzje; fan 1991 ôf wiene der twa pear keppele prizen, foar fantasy op 'e mêden fan 'e folwoekseneliteratuer en de berneliteratuer, en foar stúdzje op it mêd fan 'e algemiene wittenskip oangeande dit ûnderwerp en taspitst op it ferbân tusken mytology en fantasy. Yn 2010 waard dêrnjonken noch in priis ynfierd foar studinteproefskriften oer mytology en fantasy.

Under de skriuwers dy't de priis yn it ferline wûn hawwe, binne (foar folwoekseneliteratuer): J.R.R. Tolkien (1981; postúm) foar Unfoltôge Ferhalen; Orson Scott Card (1988) foar Seventh Son; Lois McMaster Bujold (2002) foar The Curse of Chalion; Carol Berg (2009) foar de duology Flesh and Spirit en Breath and Bone; en Jo Walton (2010) foar Lifelode; (foar berneliteratuer): Salman Rushdie (1992) foar Haroun and the Sea of Stories; en J.K. Rowling (2008) foar de Harry Potter-searje; (foar stúdzje): Christopher Tolkien (1981 en 1989).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.