Logo fan de MYST-rige

Myst is in fideospultsje dat útbrocht is yn 1993. It spultsje is ûntwikkele troch Cyan, Inc., en útjûn troch Brøderbund en Midway. De eigners fan Cyan, Inc. setten yn 1991 út ein mei it earste spultsje en brochten it op 24 septimber 1993 foar de Macintosh kompjûter op 'e merk. Myst wie ien fan de bêst ferkochte spultsjes oant The Sims útkaam. Myst falt yn it skift adventure spultsjes.

De spultjes

De spultsjes dy't relatearre binne oan Myst:

  • Riven (it ferfolch op Myst)
  • Myst III: Exile
  • Uru: Ages Beyond Myst (is net in diel út 'e Myst-searje, mar is der wol oan relatearre)
    • Uru: To D'ni (earste útwreidingspakket op Uru: Ages Beyond Myst)
    • Uru: the Path of the Shell (twadde en lêste útwreidingspakket op Uru: Ages Beyond Myst)
  • Myst IV: Revelation
  • Myst V: End of Ages (it lêste haadstik fan it Myst-ferhaal)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.