Musikology of muzykwittenskip is de wittenskiplike stúdzje fan muzyk op universitêr nivo. Dêrby komt it sels praktisearjend muzisearjen net oan bar, it lêze kinnen fan muzykpartitueren dêrfoaroer al. Fierwei de measte studinten ha dan ek in muzikale foarming efter de rêch. Guon kombinearje musikology ek mei konservatoarium. Musikology beëaget ûnder oaren de stúdzje fan de muzykskiednis en fan de muzykteory (ûnder oare harmony en kontrapunt út ferskate perioades). Ek de analize fan partitueren is in wichtich aspekt. Dêrneist hat musikology ek omtinken foar sosjale, psychologyske, en technologyske aspekten fan it muzykbelibjen. Dêrby stiet de muzyk as klank sintraal. Yn 't earstoan, dat is sa, wie de musikology benammen rjochte op it rêden út it ferjitboek fan âlde masters (lykas bygelyks Antonio Vivaldi en it skriuwen fan romantisearre biografyen; yn de rin fan de 20e iuw krige de musikology in echt wittenskiplike status. Wichtige persoanen yn de opgong fan de musikology as wittenskiplike dissipline binne Carl Dahlhaus en Helga de la Motte.
It wichtichst musikologysk neislachwurk oer klassike muzyk is the New Grove Dictionary of Music and Musicians. Der is ek in Dútske tsjinhinger, de MGG (Musik in Geschichte und Gegenwart).
Etnomusikology giet om musikology yn etnyske kontekst.
Oplieding
Yn Nederlân binne opliedings oan de Universiteit fan Amsterdam en oan de Universiteit Utert, yn Flaanderen wurdt "Master yn de musikology" jûn oan de Katolike Universiteit Leuven en oan de Universiteit Gent.