It Museum foar Tsjerklike Keunst oan It Noard yn Warkum yn 'e pastorije fan de eardere Sint-Werenfridustsjerke wie in yn 1985 oprjochte museum. It museum gie út fan 'e Pastoar Janning Stifting, mar waard fanwegen yn 2017 fanwegen brek oan frijwilligers en it tebekrinnen fan it tal besikers sletten.[1].
Pastoar Janning
Johannes-Hendrikus Janning waard 1914 berne yn Nieuw Schoonebeek. Nei syn wijing as pryster yn 1940 waard er kapelaan yn Vianen, 's Heerenberg en Snits (1947-1956). Oant 1965 wie er pastoar yn Heech en dêrnei yn Warkum. Hy sette him yn foar de earste grutte opknapbeurt fan de Werenfridustsjerke. As leafhawwerij skildere hy nayf en samle er tsjerklike keunst. Dy samling wie de basis foar it lettere museum.
Museumkolleksje
De kolleksje joech omtinken oan it 'rike roomske libben' mei liturgyske klean, tsjerklik sulver, bylden en oare keunstskatten. De kolleksjes wiene ferdield oer meardere romtes. De grutte keamer waard brûkt foar wikseleksposysjes en kryststâltsjes.
Sa wie der in weardefol stik Ald-Warkum yn de Warkumerkeamer, ein 18e iuw ynrjochte yn in hûs oan it Súd yn Warkum en sûnt 1998 ûnderbrocht yn it museum. De wanden fan dy keamer hiene tegeltablo's mei foarstellings fan 'e fjouwer seizoenen besteande út sa'n 1500 tegels. Yn 'e gong hong in 14-dielige krúswei út 1924 út de skoalle fan Toorop. Yn de treppehal hongen skilderijen fan 'e yn 1980 ferstoarne pastoar.
Op 'e earste ferdjipping fan it museum stiene houten bylden fan skipsbouwer Nanning Hendrik Bulthuis (1885-1977). Yn de middelste keamer (boppe) wiene in fraai beskildere kast (1728), fitrines mei tsjerklik sulver en in kolleksje liturgyske klean. Yn de foarste keamer wie ek tsjerklik erfguod te sjen.
Der hongen ek in tal skilderijen fan pastoar Janning silger. Yn de Warkumer Keamer út 1797, yn de pastorije, is in tegelkeamer mei 1500 tegels mei dêrop de fjouwer seizoenen. It besjen wurdich wie de twa meter hege en achttjin meter lange lambrisearring yn de Janningkapel, dy't út in tsjerke yn East-Dútslân komt. Opfallend wiene de werjeften fan útsniene skilderijen fan Rafael en de bruorren Van Eijk.
Ek it neogoatyske tsjerkegebou út 1877 wie te besichtigjen. De boumaster Alfred Tepe liet him ynspirearje troch de Westfaalske- en Nederrynske gotyk. De tsjerke is sûnt 2022 gjin tsjerke mear.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |