'Oostenburg', it gebou dêr't it museum húsmannet

Kollumer Museum Mr. Andreae, ek Aldheidkeamer Mr. Andreae, is in streekmuseum oan de Oosteburgstrjitte yn Kollum. It museum is ferneamd nei notaris en (amateur)histoarikus Arnoldus Johannes Andreae.

It museum húsmanne fan 1980 ôf oan yn it eardere postkantoar oan de Eyso de Wendtstrjitte. Yn 2017 waard de âldheidskeamer ûnderbrocht yn 'Oostenburg', in earder wurkhûs foar earmelju út 1838 en no in multyfunksjoneel sintrum. It gebou is in ryksmonumint. It museum hat sûnt 2009 ek it Archeologisch Steunpunt voor Kollumerland dat yn 2016 ferhuze nei de hal fan it gemeentehûs fan de eardere gemeente Kollumerlân.

It museum hat:

  • In stylkeamer fan om 1900 hinne
  • In orizjinele tsjinstboadekeamer mei bedsteed en tabehearren
  • Wurkplak mei âlde ambachten: in kûperij, in timmerwurkplak
  • In winkeltsje dat yn de styl fan 1900 ynrjochte is.
  • Findels yn soarten en maten dy't troch ferienings brûkt waarden yn optochten
  • Klaaiïnge yn de foarm fan rouklean, sitsen klean
  • Gouden earizers
  • In fitrine mei sieraden.
  • Jûnsmielsulver en oar guod fan it tsjerkje yn Lytsewâld
  • In skoallokaal mei learmiddels út om 1920 mei houten skoaltassen en in grutte kolleksje skoalplaten
  • Ald ark út it wurkplak fan de goud- en sulversmid
  • Ark fan reiddekkers en klompmakkers
  • In fotoatelier mei it grutte fototastel fan de Kollumer fotograaf de Leeuw.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.