Museum Møhlmann, oprjochte 1998 yn Venhuizen en sûnt 2008 festige yn Tjamsweer ûnder Appingedam, is in partikulier museum foar realistyske en figurative keunst.
It museum is in inyisjtyf sûnder stipe fan de oerheid fan de realistysk keunstskilder Rob Møhlmann dy't mei syn frou in poadium foar hjoeddeiske realistyske byldzjende keunst yn it noarden oanbiede woe.
It museum hat trije fêste kolleksjes:
- de Canto Collectie (124 stillibbens)
- de Møhlmann Collectie I (bestiet út wurk fan hjoeddeiske realisten en figurativen)
- de Møhlmann Collectie II (in oersjoch fan wurk fan Rob Møhlmann).
Dêrnjonken is der om de twa moannen in útstalling fan in kollega-keunstner. Tagelyk rint der groepstentoanstelling fan sa'n 35 keunstners dy't elts mei trije wurken fertsjintwurdige binne. Meiïnoar binne de om de 400 realistyske keunstwurken te sjen.
1998 hie it museum de earste útstalling fan ûnôfhinklike realisten. Sûnt is der alle jierren in eksposysje fan sa'n fyftich realisten. Njonken de fêste kolleksje is der wurk te keap.
It museum húsmannet oan de Westersingel 102-104 yn Appingedam en is útsein it simmer- en winterskoft iepene op freed, seon en snein.