Museum It Leanbedriuw oan de Tsjerkeleane yn Ingelum fan Jan Bruining is in museum hat in kolleksje fan sa'n tritich âlde trekkers.

It binne benammen trekkers fan de merken Farmall, McCormick en IHC, de âldste is fan 1928. Ek is der in ferskaat oan oar âld lânbou-ark, masines dy't troch it leanbedriuw brûkt waarden, en in pear Volvo-frachtweinen út de sechstiger en santiger jierren. It museum is allinnich op ôfspraak iepen.

Ingelum is ek startpunt foar de Alvestêdetocht foar âlde trekkers. Dy tocht wurdt yn twa dagen riden.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.