Munysje of ammunysje is de sammelnamme foar in gearstal fan projektilen en harren driuwlading. Yn it generaal wurde ek bommen, granaten, minen en torpedo's ta munysje rekkene. De term wurdt brûkt by de striidkrêften en komt fan it Frânske la munition, ôflaat fan it Latynske munire (foarsjen).
Yn it foarste plak wurdt mei munysje bedoeld patroanen (in gearstal fan projektyl (kûgel), driuwende lading (krûd) en ûntstekking, byinoar hâlden middels in huls) foar fjoerwapens.
Oerdrachtlik wurdt de term en brûkt as oantsjutting foar de argumintaasje dy't yn in debat hantearre wurdt om de tsjinstanner te bestriden.
- Kanonskûgels út de Amerikaanske Boargeroarloch
- Munysjebân fan in punt fyftich
- Patroanen kaliber .45
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ammunition fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.