Munnikebuorren
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal460 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,88 km², wêrfan:
- lân: 7,46 km²
- wetter: 0,42 km²
Befolkingsticht.62 ynw. / km²
Oar
Postkoade8485
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 51' N 5° 53' E
Lokaasje Munnikebuorren (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Munnikebuorren (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Kaart
Munnikebuorren (Fryslân)
Munnikebuorren

Munnikebuorren (Stellingwerfsk: Munnikeburen, Nederlânsk: Munnekeburen) is in doarp besuden Wolvegea en west fan de Rottige Meente yn it west fan 'e gemeente Weststellingwerf.

It doarp hat 460 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

De namme ferwiist nei kleasterbesit, mooglik fan it Starumer Odulfuskleaster. Buorren yn plaknammen komme fral yn Fryslân foar en de oarsprong fan Munnikebuorren is dan ek Frysk.

Yn in oarkonde fan 1320 waard it plak Monnekebuer neamd. Oare ferzjes binne Munnickebuyerum, Monkebuer, Monkebuer, Moniekebueert, Munkebaerdt, Monkever, Monckebuert, Muntkebuert.[3]

Yn 1806 waard de tsjerke boud. By de wettersneed fan 1825 waard it doarp slim troffen. Hûzen waarden ferneatige en de tsjerke drige yn te stoarten.

Mienskip

Munnekeburen hat tegearre mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in feriening foar Pleatslik Belang. Yn Munnikebuorren stiet It Polderhûs, it doarpshûs fan de Grutte Feanpolder-doarpen. By it doarpshûs stiet ek de sporthal De Skeakel. Efter dat kompleks leit it Skeenefjild.

Tsjerke

Skoalle

Yn 2014 fusearren de kristlike basisskoalle De Baggelaar en de iepenbiere Wethâlder Heidaskoalle ta de iepenbiere basisskoalle De Aventurijn.

Ferienings

Befolkingsferrin

Jier1840*1954*1964196919742008201420152020
Ynwenners267934699513457415412433455

(*) Oant 1964 waarden de ynwenners fan 'e Langelille meiteld. Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel)

Berne

Eveneminten

Strjitten

Gracht, Grindweg, Kerkeweg, Lemsterwei, Scheenepad, Voetpad.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Side Skiednis fan 'e Stellingwerven en Noardwest Oerisel (Stienwikerlân)

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.