Mulsum | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Distrikt | Cuxhaven | |
Boargemaster | Udo Skeraitis (SPD)l | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 543 (31 desimber 2013) | |
Oerflak | 8,43 km² | |
Befolkingsticht. | 64 / km² | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Postkoade | 27639 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.sglandwursten.de/ |
Mulsum is in doarp en wie in gemeente yn it Fryske Lân Woersten. Oant 1 jannewaris 2015 wie it in dielnimmende gemeente yn de Samtgemeinde Land Wursten en dêrnei waard it tegearre mei de oare gemeenten Cappel, Dorum, Midlum, Misselwarden, Nordholz, Padingbüttel en Wremen, in part fan de frije gemeente Woerster Noardseekust. Mulsum leit tusken de doarpen Wremen en Dorum.
Skiednis
Tusken Mulsum en Wremen is it âlde terpdoarp Feddersen Wierde. Dizze terp stamt út de 1e iuw foar Kristus. Oant de 5e iuw waard dizze terp bewenne troch Saksen dy't doe by it folkeferfarren nei Ingelân lutsen. Letter waard dizze terp troch Friezen kolonisearre. Ek oare terpen waarden opwurpen en stiften de Friezen it Lân Woersten. Yn 1524 fûn in slach tusken Woerstfriezen en legers fan it Aartsbisdom Bremen plak op it tsjerhôf by de Sint-Mariëntsjerke yn Mulsum. De Woerstfriezen ferlearen de slach en in plondering fan it Lân Woersten troch Bremersken wie it gefolch.
Ferkear
It spoar fan Cuxhaven nei Bremerhaven rint by it doarp lâns.
Lês ek
- (dú) Willy Klenck: Das Dorfbuch von Mulsum im Lande Wursten, Kreis Wesermünde in Niedersachsen, Frankfurt a.M. 1959
- (dú) Werner Haarnagel: Die Grabung Feddersen Wierde: Methode, Hausbau, Siedlungs- und Wirtschaftsformen sowie Sozialstruktur. 2. Feddersen Wierde / Hrsg.: Haarnagel, W. Wiesbaden 1979.
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mulsum fan Wikimedia Commons. |