Mount Asgard ᓯᕙᓂᑎᕈᑎᖑᐊᒃ, Sivanitirutinguak | ||
berch | ||
De Mount Asgard sjoen fan 'e Turnergletsjer ôf. | ||
Lizzing fan 'e Mount Asgard op Baffinlân yn Nûnavût. | ||
geografy | ||
lân | Kanada | |
territoarium | Nûnavût | |
regio | Qikiqtaaluk | |
berchtme | Baffinberchtme | |
koördinaten | 66°40′20″ N 65°16′28″ W | |
sifers | ||
hichte b. seenivo | 2.015 m | |
oar | ||
stiensoarte | granyt | |
1e beklimming | 1953 | |
1e beklimmer | Hans Weber Jürg Marmet Hans Röthlisberger |
De Mount Asgard (Inûktitût: ᓯᕙᓂᑎᕈᑎᖑᐊᒃ, Sivanitirutinguak) is in berch op it eilân Baffinlân yn it territoarium Nûnavût, yn it Noardpoalgebiet fan Kanada. De berch, dy't út granyt bestiet, hat in hichte fan 2.015 m boppe seenivo en in top dy't bestiet út twa sylinderfoarmige rotspylders skaat troch in seal. De Mount Asgard leit yn it Nasjonaal Park Auyuittuq op it Cumberlandskiereilân, en heart ta it Baffinberchtme, dat sels wer diel útmakket fan it Arktysk Berchkeatling. De berch is ferneamd nei Asgard, it ryk fan 'e Asen (in ras fan goaden) yn 'e Noardske mytology. Ferskate oare bergen op Baffinlân binne nei dy goaden ferneamd, lykas de Mount Odin (de heechste) en de Mount Thor. De Mount Asgard is nei alle gedachten de bekendste berch op it eilân.
Beklimmingsskiednis
De justjes hegere noardertop fan 'e Mount Asgard waard foar it earst beklommen yn 1953 troch Hans Weber, Jürg Marmet en Hans Röthlisberger. Dat wiene trije Switserske wittenskippers dy't meidiene oan 'e ekspedysje nei Baffinlân û.l.f. 'e Kanadees P. Baird, yn opdracht fan it Arktysk Ynstitút fan Noard-Amearika (AINA). Harren rûte nei de top folge de eastkant fan 'e berch, oer sniefjilden en rotsribben, oant se it seal tusken de beide toppen berikten. Dêrwei sochten se har paad by de granytwand op nei de noardertop.
Harren rûte is noch altyd it gebrûklike paad foar moderne berchbeklimmers om 'e Mount Asgard te betwingen. Ek is it de standertrûte op 'e weromtocht foar berchbeklimmers dy't derfoar kieze fia de dreger te beklimmen oare kanten fan 'e berch omheech te gean. De sudertop waard foar it earst beklommen yn 1971 troch in team besteande út G. Lee, R. Wood, P. Clanky, J. Pavur, Y. Kamisawa en P. Koch. Sûnt dy tiid binne der teminsten trettjin ûnderskate rûtes nei de top fan 'e Mount Asgard beskreaun.
Yn films
De Mount Asgard tanket syn relative bekendheid fierhinne oan it feit dat er as setting brûkt is foar de opnamen fan 'e James Bond-film The Spy Who Loved Me (1977). Dy opnamen fûnen plak yn 1976 en besloegen de iepeningssêne fan 'e film, wêryn't geheim agint James Bond fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 (spile troch Roger Moore) yn 'e Alpen by it delskyen fan in berch efterfolge wurdt troch aginten fan 'e KGB dy't him besykje te fermoardzjen. De efterfolging einiget as Bond fan in klif ôf skyt en yn 'e djipte falt, mar dan in parasjute iepengean lit yn 'e kleuren fan 'e Britske flagge. De basejump waard útfierd troch stuntman en klimmer Rick Sylvester.
Galery
- De top fan 'e Mount Asgard spjaltet him yn twaen op mei in leech seal yn 'e midden
- Loftfoto fan 'e Mount Asgard
- De Mount Asgard fansiden sjoen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|