Moskfûgels
mosk (Passer domesticus)
mosk (Passer domesticus)
Taksonomy
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje:(Passeroidea)
famylje:moskfûgels (Passeridae)
Rafinesque, 1865

De moskfûgels of mosken binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes), út de boppefamylje fan de Passeroidea. Fan hús út binne de moskfûgels fûgels fan de "Âlde Wrâld" (Jeropa, Afrika, Aazje), mar de minske hat de (hús)mosk ek yn oare wrâlddielen yntroduseare.

De reade mosk, koarnmosk en reidmosk binne eigentlik gjin "mosken": de reade mosk (Carpodacus erythrinus) is ien fan de finkfûgels (Fringillidae), de oare twa hearre ta de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae): Emberiza calandra en E. schoeniclus).

De mosken binne foaral siediters, mar yn de briedtiid wurde ek ynsekten iten en oan de jongskes fuore.

Famyljeobpou

De 43 soarten fan de moskfûgels binne sa oer de 8 skaaien ferdield:

  • Famylje: Passeridae (moskfûgels)
    • Skaai: Hypocryptadius, 1 soarte:
      • kanielmosk (Hypocryptadius cinnamomeus)
    • Skaai: Passer (mosken), 28 soarten
      • saksaûlmosk (Passer ammodendri)
      • mosk of húsmosk (Passer domesticus)
      • Italiaanske mosk (Passer italiae)
      • Spaanske mosk (Passer hispaniolensis)
      • Sindmosk (Passer pyrrhonotus)
      • Somalyske mosk (Passer castanopterus)
      • readkopmosk (Passer cinnamomeus)
      • gielbûkmosk (Passer flaveolus)
      • Moäbmosk (Passer moabiticus)
      • Sistanmosk (Passer (moabiticus) yatii)
      • Kaapverdyske mosk (Passer iagoensis)
      • rustmosk (Passer motitensis)
      • Sokotramosk (Passer insularis)
      • Abd-al-Kurimosk (Passer hemileucus)
      • Masaimosk (Passer rufocinctus)
      • savannemosk (Passer shelleyi)
      • Kordofanmosk (Passer cordofanicus)
      • Kaapske mosk (Passer melanurus)
      • Noardlike griiskopmosk (Passer griseus)
      • jiskemosk (Passer swainsonii)
      • tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis)
      • Swahilymosk (Passer suahelicus)
      • Súdlike griiskopmosk (Passer diffusus)
      • woastynmosk (Passer simplex)
      • Karakûmmosk (Passer zarudnyi)
      • fjildmosk (Passer montanus)
      • brúnrêchgoudmosk (Passer luteus)
      • Arabyske goudmosk (Passer euchlorus)
      • kastanjemosk (Passer eminibey)
    • Skaai: Carpospiza, 1 soarte:
      • feale rotsmosk (Carpospiza brachydactyla)
    • Skaai: Petronia, 1 soarte:
      • rotsmosk (Petronia petronia)
    • Skaai: Gymnoris, 4 soarten:
      • wytbraustrewelmosk (Gymnoris superciliaris)
      • lytse strewelmosk (Gymnoris dentata)
      • grutte strewelmosk (Gymnoris pyrgita)
      • Yndyske strewelmosk (Gymnoris xanthocollis)
    • Skaai: Montifringilla, 3 soarten:
      • sniemosk (Montifringilla nivalis)
      • Tibetaanske sniemosk (Montifringilla henrici)
      • swartwjuksniemosk (Montifringilla adamsi)
    • Skaai: Onychostruthus, 1 soarte:
      • wytstútsniemosk (Onychostruthus taczanowskii)
    • Skaai: Pyrgilauda, 4 soarten:
      • lytse grûnmosk (Pyrgilauda davidiana)
      • readhalsgrûnmosk (Pyrgilauda ruficollis)
      • Tibetaanske grûnmosk (Pyrgilauda blanfordi)
      • Afgaanske grûnmosk (Pyrgilauda theresae)

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.