Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen
algemiene ynformaasje
off. nammeChurch of Jesus Christ of
   Latter-day Saints
stifting1830
haadkertierSalt Lake City (Utah)
fierdere bysûnderheden
streamingprotestantisme (mormonisme)
tsjerketaalgjint (haadbestjoer Ingelsktalich)
ledetal15.372.337 (2014)
gemeenten29.621 (2014)
websidewww.lds.org

De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (Ingelsk: Church of Jesus Christ of Latter-day Saints), ek de Mormoanske Tsjerke of de LDS-Tsjerke neamd, is in kristlik tsjerkgenoatskip dat ornaris ta de protestantske streaming rekkene wurdt. De leden fan dit tsjerkgenoatskip, dy't ynformeel mormoanen neamd wurde, sjogge harren mienskip lykwols as de restauraasje fan 'e iene wiere tsjerke, dy't stifte wêze soe troch Jezus Kristus. De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen waard yn 1830 yn 'e Amerikaanske steat New York oprjochte troch de profeet Joseph Smith, yn in snuorje fan religieuze oplibbing dy't bekendstiet as de Twadde Grutte Untwekking. De mormoanske tsjerkelear is net inkeld basearre op 'e Bibel, mar ek op eigen geskriften, lykas it Boek fan Mormon. Oant 1890 bedreaune de mormoanen mearwiverij. Nei't hja bleat kommen wiene te stean oan leauwensferfolgings, teagen hja om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne ûnder lieding fan 'e profeet Brigham Young nei it Wylde Westen, dêr't hja har fêstigen yn wat letter de Amerikaanske steat Utah wurde soe. Hjoed de dei is it haadkertier fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen fêstige yn Salt Lake City, en hat de tsjerke wrâldwiid mear as 15,3 miljoen leden.

Namme

Sûnt 1836 wurdt de namme 'Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen' brûkt, yn it Ingelsk: Church of Jesus Christ of Latter-day Saints. Mei de ferwizing nei 'Jezus Kristus' wurdt dúdlik oanjûn dat it om in kristlik tsjerkgenoatskip giet. It wurd 'Hilligen' slacht net op 'e roomske betsjutting fan lju dy't hillich ferklearre binne, mar op it neifolgjen fan Kristus troch jin 'hillich' te hâlden en te dragen. De tafoeging 'fan de Lêste Dagen' jout oan dat de mormoanen leauwe dat de moderne tiid de Eintiid is, it lêste tiidrek wêryn't it evangeelje yn al syn folheid ferkundige wurdt. Nei harren hillige Boek fan Mormon wurde de leden fan 'e tsjerke troch bûtensteanders lykwols ornaris 'mormoanen' neamd.

Joseph Smith, de stifter fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen.

Skiednis

Under Joseph Smith

De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen waard op 6 april 1830 yn Palmyra, yn it saneamde Utbaarnde Distrikt (Burned-over District) yn it westen fan 'e Amerikaanske steat New York, stifte troch de boeresoan Joseph Smith. Dat gebiet waard saneamd om't it ûnder de Twadde Grutte Untwekking 'baarnde' mei religieus entûsjasme. Smith tsjûge dat er yn 1820 in fizioen krigen hie, wêryn't God tsjin him sein hie dat syn sûnden him ferjûn waarden en dat alle tsjerken út syn tiid fan it wiere evangeelje ôfdwaald wiene. Fierders seid er dat er yn 1823 besocht wie troch de ingel Moroni, dy't him ferteld hie wêr't in boekwurk begroeven lei dat bestie út goudene platen.

Pas yn 1827 waard it him tastien om it boek mei te nimmen, dat Smith dêrnei mei muoite oersette nei it Ingelsk en op 26 maart 1830 publisearre ûnder de titel fan it Boek fan Mormon. De ierste bekearlingen ta it mormonisme waarden mei oanlutsen troch dizze publikaasje, dy't in kronyk fan Yndiaanske profeten hiet te wêzen, dy't ôfstamje soene fan 'e 'Ferlerne Stammen fan Israel', dy't omtrint de tiid fan 'e Babyloanyske Ballingskip út it Keninkryk Israel fuorttein wêze soene. Dat ferhaal soe de oanwêzigens fan 'e Yndianen op it Amerikaanske kontinint en ferklearje, dat dus eins Joaden wiene.

Joseph Smith ûntfangt de goudene platen fan 'e ingel Moroni.

Smith, dy't no troch syn folgelingen sels as profeet beskôge waard, wie fan doel en stiftsje yn Noard-Amearika in 'nij Jeruzalim', dat er Sion neame woe. Yn 1831 ferhuze er syn tsjerke nei Kirtland, yn Ohio, dat oan 'e eastgrins fan syn Sion lei. Teffens begûn er doe in foarpost op te setten yn Jackson County, yn 'e steat Missoery, dat it sintrum fan Sion wie, en dêr't er úteinlik it haadkertier fan syn tsjerke fêstigje woe. Dat state lykwols op ferset fan 'e eardere kolonisten fan dat gebiet dy't út it Amerikaanske Suden ôfkomstich wiene, en mei wa't de mormoanen folslein ferskillende opfettings hiene oer religy en slavernij. Sadwaande waarden de mormoanen dêr yn 1833 mei geweld ferdreaun troch de Súdlike kolonisten, en de tsjerke bliek net by steat en weroverje har lân mei in paramilitêre ekspedysje.

Yn Kirtland florearre de tsjerke lykwols. Smith publisearre der nije iepenbierings en de mormoanske mienskip boude der de Timpel fan Kirtland. Mar nei't in finansjeel skandaal yn 1838 foar opskuor soarge, mei as gefolch dat in grut tal leden de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen de rêch takearden, wergroepearren Smith en de oerbleaune mormoanen har troch har yn westlik Missoery, yn 'e omkriten fan Independence, nei wenjen te setten. Dat late ta in nij konflikt mei de Súdlike kolonisten, dat bekend kaam te stean as de Mormoanske Oarloch. Yn 1839 furdige Lilburn Boggs, de gûverneur fan Missoery, syn 'Utrûgingsbefel' út, wêrnei't alle mormoanen mei grou geweld út Missoery ferdreaun waarden en al harren lân en efterlitten besittings stellen waarden troch de Súdlike kolonisten.

De mormoanske Timpel fan Kirtland, boud yn 1836.

Yn 1839 leine de mormoanen in sompe oan 'e igge fan 'e rivier de Mississippy yn de steat Illinois drûch en stiften dêr it stedsje Nauvoo, dêr't it nije haadkertier fan 'e tsjerke fêstige waard. De befolking fan Nauvoo woeks fluch oan, mei't mormoanske sindelingen yn Jeropa in stadige stream ymmigranten dy rjochting út stjoerden. It wie yn dyselde snuorje dat Smith foar de leden fan syn tsjerke mearwiverij ynfierde, nei foarbyld fan 'e bibelske keningen fan Israel. Fierders fêstige er in seremoanje, nei eigen sizze op befel fan God, om it foar fromme lju mooglik te meitsjen en klim op ta goaden yn it hjirneimels. Ek lei er in folslein ferslach fan syn iere fizioenen fêst.

In protte fan Smith syn publikaasjes en dieden giene streekrjocht yn tsjin wat de mearderheid fan 'e Amerikanen fan syn tiid as it wiere kristlike leauwe seach, en sadwaande rôp er oeral dêr't er gie wjerstân op. Yn 1844 waarden hy en syn jongere broer Hyrum yn Carthage (Illinois) arrestearre op beskuldiging fan lânferrie. Op 27 juny 1844 briek in breinroere kliber folk yn it tichthûs yn dêr't de bruorren al fjouwer moannen fêstholden waarden, wêrnei't Joseph en Hyrum Smith lyncht waarden. Om't Hyrum earder troch Smith oanwiisd wie as syn erfgenamt, late harren dea ta in opfolgingskrisis. Uteinlik wie it Smith syn neie meiwurker Brigham Young dy't it meastepart fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen ûnder syn liederskip wist te ferienjen, hoewol't ferskate mormoanske splintergroepen harren eigen wei giene.

Under Brigham Young

Troch har mearwiverij en har wol hast kommunistyske, koöperative libbenswize, dy't skril ôfstiek tsjin it ekstreme yndividualisme fan 'e oare Amerikanen, kamen de mormoanen yn Illinois almar mear yn konflikt mei harren net-mormoanske buorlju. Dêrom sleat Young yn oktober 1845 in oerienkomst mei Thomas Ford, de gûverneur fan Illinois, dat hy en syn folgelingen yn 1846 de steat ferlitte soene. Sadwaande setten de mormoanen doe ôf nei it Wylde Westen ta, dêr't se in nij Unthjitten Lân hopen te finen.

Brigham Young en de earste groep mormoanske pioniers berikten op 24 july 1847 de Sâltmardelling yn wat letter de Amerikaanske steat Utah wurde soe. Hoewol't se dêr de earste jierren wrakselje moasten om te oerlibjen, wiene se sa bliid as wat mei dit woastynlân, dêr't se einlings en te'n lêsten har eigen religy beoefenje koene sûnder dat se dêrfoar ferfolge waarden. Troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden wisten de mormoanen der te oerlibjen en sels te florearjen. Oer in perioade fan 22 jier joegen har sa'n 70.000 oare mormoanen by dy earste groep. Hja stiften mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young Deseret neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike teokrasy. 'Deseret' wie neffens it Boek fan Mormon in oerâld wurd foar hunichbij; dêrfandinne ek de bynamme fan Utah as de Beehive State ("Bijekoersteat") en it biedwurd Industry ("Warberens").

De profeet Brigham Young, dy't de mormoanen nei Utah late.

De troch Young as residinsje foar de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen stifte stêd Salt Lake City waard it mulpunt it nije wengebiet. Behalven mei de lânbou fertsjinnen de iere mormoanen ek har brea mei de ferkeap fan alderlei guod oan kolonistekarafanen op trochreis nei Kalifornje. Boppedat sleaten se ferdraggen mei de Jût (Ute) en de oare Yndianen yn Utah om't Young kedize dat it op 'e lange termyn goedkeaper wêze soe om 'e Yndianen mei-ite te litten fan 'e rispingen fan 'e mormoanen, as om oarloch tsjin harren te fieren. Behalven yn Utah stiften de mormoanen ek plakken dy't bûten de (úteinlike) grinzen fan 'e steat komme soene te lizzen, lykas Las Vegas (Nevada), Franklin (Idaho), San Bernardino (Kalifornje) en Star Valley (Wyoming).

Nei't Utah yn 1848 by it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien wie, kaam it bekend te stean as it Territoarium Utah. Hoewol't de mormoanen harren Deseret as steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen hawwe woene, rêden se dat net op, mei't hast de hiele politike fêstige oarder yn Washington, D.C. tige anty-mormoansk wie. Dat waard noch helte minder doe't it Amerikaanske regear yn 1848, ûnder druk fan protestantske tsjerken, it besteansrjocht fan Deseret en de troch de mormoanen as ûnderdiel fan harren leauwe beliden mearwiverij ôfwiisde. Young-en-dy loeken har lykwols neat oan fan in regear yn it fiere Washington dat sy net erkenden, en de relaasjes giene mei feart en faasje berchôf. Oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren, doe't de Amerikaanske presidint James Buchanan it Amerikaanske Leger op 'e mormoanen ôfstjoerde, liek it skeel op iepen oarloch ta te gean.

It Brigham Young-Monumint yn Salt Lake City.

Hoewol't der gjin fjildslaggen plakfûnen, wiene der àl wapene konfrontaasjes yn 'e Rocky Mountains, dêr't it mormoanske Nauvoolegioen de opmars fan 'e Amerikanen yn 'e berchpassen opkearde yn in barren dat wol de 'Lytse Boargeroarloch' neamd wurdt. Ear't de Amerikaanske troepen ûnder generaal Albert Sidney Johnston yn 1858 yn Utah oankomme koene, liet Young de hiele befolking fan Salt Lake City evakuëarje, sadat de soldaten yn in spûkstêd arrivearren. Neitiid waard der in kompromis sletten wêrby't Young syn funksje as gûverneur fan Utah oerdroech oan Alfred Cumming (hoewol't de measte histoarisy it deroer iens binne dat dy feroaring poer kosmetysk wie, en dat Young efter de skermen persiis deselde macht behold as tefoaren). Om't yn 1861 de (grutte) Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, waarden doe alle Amerikaanske troepen út Utah weromlutsen, en waard de besetting sadwaande beëinige. De Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika besochten Young ûnder de Boargeroarloch safier te krijen dat er mei harren de lapen op ien bulte smite soe, mei as bedoeling dat de mormoanen in westlik front tsjin 'e Noardlike Feriene Steaten iepenje soene, mar Young wie sa liep dat er de boat ôfhold, wat nei alle gedachten de rêding fan syn tsjerke wie.

Nei't it Noarden de oarloch yn 1865 wûn hie, rjochte it Amerikaanske regear de oandacht wer op it westen. De nije Republikeinske Partij, de driuwende krêft efter de ôfskaffing fan 'e slavernij yn it Suden, swarde no dat it ek de mearwiverij útrûgje soe, mei't dat krektlyk as in skeining sjoen waard fan alle religieuze, kulturele en morele wearden dy't in moderne beskaving hawwe moatte soe. Dy sjenswize waard noch fuortsterke troch de publikaasjes fan guon mormoanske ôffalligen, wêrûnder Wife No. 19, or: My Life of Bondage, in boek dat skreaun waard troch Ann Eliza Young nei't hja harsels skiede litten hie fan Brigham Young. Oan 'e oare kant soargen de troch de Amerikanen sels bewurkmastere bettere ferbinings mei Utah en agressyf sindingswurk fan mormoanske kant derfoar dat der yn dyselde snuorje in tafloed fan mormoanske kolonisten út it Easten en út Jeropa wei nei Utah streamde.

It mormoanske tsjerkegebou yn West Valley City.

Modernisearring

Nei it ferstjerren fan Young, yn 1877, waard er opfolge troch oare foarsitters fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen dy't krektlyk yn konflikt kamen mei de Amerikaanske autoriteiten. Yn 1878 die it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn 'e rjochtsaak Reynolds v. United States de útspraak dat in 'religieuze plicht' om mei mear as ien frou te trouwen net opweage tsjin 'e Amerikaanske wetjouwing dy't soks ferbea. Yn 'e folgjende jierren waard it regear oer Utah de mormoanen systematysk ûntnadere, en yn 1890 moast de tsjerkelieding sels in hoartsje ûndergrûnsk gean doe't de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen troch it Amerikaanske Kongres ferbean waard en der fan oerheidswegen beslach lein waard op 'e besittings fan it tsjerkgenoatskip.

Datselde jiers besleat de lieding fan 'e tsjerke dat in koertswiziging nedich wie as de mormoanen harsels net alhiel bûten de Amerikaanske maatskippij pleatse woene. Sadwaande liet Wilford Woodruff, de doetiidske foarsitter fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, doe it Manifest fan 1890 útgean, wêryn't de praktyk fan mearwiverij formeel opskoarre waard. Der waarden fan dy tiid ôf gjin nije polygame houliken mear sletten, en foar dy't al bestiene, waard in útstjerbelied oannommen. Hoewol't dat daliks ta in tsjerkskuorring late, om't in minderheid bûge of barste oan mearwiverij fêsthâlde woe, lei fierwei it grutste part fan 'e mormoanen him hjirby del. Sadwaande waard it Manifest fan 1890 in kearpunt yn 'e relaasjes tusken de Feriene Steaten en de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, dat it mooglik makke dat Utah yn 1896 einlings en te'n lêsten as folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen waard.

Wrâldwide fersprieding fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn 2008:
     lannen en territoaria mei teminsten ien timpel
     lannen en territoaria sûnder timpel, mar mei organisearre gemeenten en/of sindelingen
     lannen en territoaria sûnder formele oanwêzichheid

De ferhâldings waarden fierder ferbettere, doe't tsjerkefoarsitter Joseph F. Smith yn 1904 foar it Amerikaanske Kongres ferskynde om publyklik mearwiverij ôf te swarren. Teffens publisearre er dat jiers in Twadde Manifest dat de leauwenden oprôp om it near te lizzen op alle foarmen fan polygamy, mei't dat tsjin 'e doktrine fan 'e tsjerke yngie. Nei ferrin fan tiid naam de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen it belied oan om leden dy't polygame houliken sleaten, op steande foet te ekskommunisearjen, en tsjintwurdich distansearret de tsjerke him aktyf fan saneamde mormoanske fûnemintalistyske groepearrings, dy't noch altyd mearwiverij bedriuwe.

Tweintichste en ienentweintichste iuw

Yn de tweintichste iuw woeks de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen sterk oan, en ûntjoech de organisaasje him ta in ynternasjonaal tsjerkgenoatskip, foar in diel tanksij it oanhâldende útstjoeren fan sindelingen nei alle úthoeken fan 'e wrâld. Yn 2000 hie de tsjerke neffens eigen sifers 60.784 aktive sindelingen en in wrâldwiid lidmaatskip fan justjes mear as 11 miljoen minsken. Yn 2007 gie de tsjerke de grins fan 13 miljoen leden oer, en yn 2014 wiene der 15.372.337 leden (wêrfan rom 6 miljoen yn 'e Feriene Steaten), ferdield oer 29.621 gemeenten. Op basis fan demografysk ûndersyk út it begjin fan 'e 1990-er jierren binne saakkundigen lykwols fan betinken dat mar in trêdepart fan it wrâldwide lidmaatskip fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, dus goed 5 miljoen minsken, aktive tsjerkebesikers binne.

De mormoanske skriftuer yn ien bân.

Yn 'e moderne tiid binne sûnt de ôfskaffing fan 'e mearwiverij noch ferskate oare formele wizigings yn 'e tsjerkedoktrine trochfierd. Ien fan 'e wichtichsten dêrfan wie it talitten fan negroïde manlju ta it preesterskip yn 1978, wêrmei't in beslút fan Brigham Young út 1852 weromdraaid waard. Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw bestiet der fierders in Programma foar Korrelaasje fan it Preesterskip (PCP), dat bedoeld is om 'e aktiviteiten fan 'e tsjerke te sintralisearjen en te ferienjen ûnder it tafersjoch fan in geastlike hierargy. Yn 'e Krisisjierren fan 'e Grutte Depresje waard boppedat in tsjerklik systeem fan sosjale sekerheid ynfierd. Sûnt hat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen meidien oan withoefolle humanitêre helpaksjes oer de hiele wrâld, faak yn gearwurking it Amerikaanske Reade Krús en/of mei oare religieuze goeddiedichheidsorganisaasjes, lykas it roomske Catholic Relief Services en it islamityske Islamic Relief.

Skriftuer

De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen erkent fjouwer standertwurken as skriftuer:
● de Bibel
● it Boek fan Mormon (Book of Mormon)
● de Lear en Ferbûnen (Doctrine and Covenants)
● de Pearel fan Grutte Wearde (Pearl of Great Price)

Skaaimerken

Het heilsplan

In grut ferskil mei in protte oare tsjerken is dat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen útgiet fan in oanhâldende iepenbiering. Sokke iepenbierings, dy't oer de hiele wrâld plakfine, kinne allinnich troch dyjingen ûntfongen wurde dy't ta de heechste hierargy fan 'e tsjerke hearre. Op elts nivo kin men lykwols 'mindere iepenbierings' krije troch de ropping dy't men ûntfongen hat, foar de húshâlding dêr't men by heart of foar de eigen persoanlike ûntwikkeling.

De mormoanske Biblioteek foar Famyljeskiednis (FHL) is wrâlds grutste geneälogyske biblioteek.

De mormoanske tsjerke hechtet grut belang oan famyljebannen, en hat oer de hiele wrâld in beskate reputaasje wûn op it mêd fan sibbekundich ûndersyk. Dat is om't de mormoanen leauwe dat ferstoarnen mei weromwurkjende krêft doopt wurde kinne as harren folsleine namme, berte- en stjertejier en famyljerelaasjes mei libbene persoanen mar bekend binne. Om't de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen mient dat by it Lêste Oardiel inkeld de mormoanen beholden bliuwe en dat alle oare lju ferdylge wurde sille, is in hiele ôfdieling wijd oan geneälogy, om safolle mooglik lju út earder tiden fan 'e ferdommenis te rêden.

De moderne Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen stiet bekend om syn uterst konservative tinkbylden en syn foarfjochterskip fan it gesin as de hoekstien fan 'e maatskippij. De tsjerke kantet him fierders sterk oan tsjin saken as legalisearring fan gokken, it homohoulik, abortus en eutanasy. Los fan sokke saken, dy't de tsjerke sjocht as dingen dy't algemiene noarmen en wearden oangeane, wurdt lykwols in belied fan strange neutraliteit op it mêd fan 'e polityk hanthavene. Wol wurde de leden oanfitere om polityk aktyf te wêzen, diel te nimmen oan ferkiezings en har te ferdjipjen yn 'e aktuële politike en sosjale kwestjes yn harren mienskippen en lannen.

Yn de Feriene Steaten is de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen ek in útsprutsen tsjinstanner fan it Lykberjochtingsamendemint, in wetsfoarstel dat gelikense rjochten foar froulju ferankerje moat yn 'e Amerikaanske Grûnwet. Nettsjinsteande dat wie de tsjerke yn 'e njoggentjinde iuw yn 'e Feriene Steaten foaroprinner by it oprjochtsjen fan frouljusorganisaasjes, en yn Utah waard al yn 1870 it frouljuskiesrjocht ynfierd (as twadde diel fan 'e Feriene Steaten nei Wyoming), hoewol't dat der yn 1887 op befel fan it Amerikaanske Kongres wer ôfskaft waard om 'e ynfloed fan 'e mormoanen op 'e polityk te beheinen. Noch altyd spylje froulju in wichtige rol yn it tsjerkebestjoer.

Yn tsjinstelling ta de measte oare kristlike denominaasjes, sjocht de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen net Israel, mar de Feriene Steaten (of it kontinint Amearika yn bredere sin) as it Unthjitten Lân. Neffens de tsjerkelear soe Jezus Kristus dêr ferskynd wêze nei't er yn Israel libbe hie. Dochs wurdt ek leaud dat de messias (Kristus) werkomme sil yn Israel, sa't yn de Bibel foarsein wurdt.

It ynterieur fan it Konferinsjesintrum fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hillige fan de Lêste Dagen yn Salt Lake City, dêr't twaris yn 't jier de Algemiene Konferinsje (synoade) fan 'e tsjerke holden wurdt.

Mearwiverij

In karikatuer fan Brigham Young syn 'lege' houliksbêd nei syn ferstjerren.

De mormoanen steane noch altyd bekend om mearwiverij, hoewol't se dêr al mear 125 jier net mear oan dogge. Fan 1839 ôf wie it foar manlike leden fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen tastien om mei mear as ien frou te trouwen, hoewol't dêr strange betingsten oan ferbûn wiene. Sa moast immen dy't soks woe, oantoane dat er sawol materieel as affektyf foar mear as ien frou soargje koe, en teffens foar de bern dy't út sa'n bykommend houlik fuortkomme soene. Teffens wie it nedich om ynstimming te krijen fan de frou (of froulju) mei wa't er al troud wie. Hjirby moat oantekene wurde dat der, benammen by heechpleatste persoanen, wolris de hân licht waard mei dizze betingsten.

Op it hichtepunt fan 'e mearwiverij wie om-ende-by 3% fan 'e mormoanske houliken polygaam. Nei't yn 1890 de mearwiverij ûnder druk fan it Amerikaanske regear by it saneamde Manifest fan 1890 ôfskaft wie, waard in útstjerbelied fierd foar de polygame houliken dy't doe al bestiene. Nei ferrin fan tiid naam de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen it belied oan om leden dy't polygame houliken sleaten, op steande foet te ekskommunisearjen, en tsjintwurdich distansearret de tsjerke him aktyf fan saneamde mormoanske fûnemintalistyske groepearrings, dy't noch altyd mearwiverij bedriuwe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.