De Lof fan de Healwizens | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Moriae Encomium | |
auteur | Desidearius Erasmus | |
taal | Latyn | |
foarm | essay | |
skreaun | 1509 | |
1e publikaasje | 1511, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Lof fan de Healwizens | |
publikaasje | 2001, Ljouwert | |
útjouwer | ELF | |
oersetter | P.W. Brouwer | |
ISBN oers. | 9 07 15 60 023 |
De Lof fan de Healwizens, yn it oarspronklike Latyn Moriae Encomium en better bekend ûnder de Nederlânske titel De Lof der Zotheid, is in essay út 1509 fan 'e hân fan 'e grutte Rotterdamske humanist Desidearius Erasmus, dat foar it earst printe en útjûn waard yn 1511 te Parys. It is ien fan 'e meast opmerklike wurken fan 'e Renêssânse en waard, fanwegen syn iepentlike krityk op 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, neitiid brûkt as ien fan 'e oanjagers fan 'e Reformaasje. De Fryske oersetting fan Piter Wibertus Brouwer waard útjûn yn 2001.
Eftergrûn
De ynspiraasje foar syn essay die Erasmus op út De Triumpho Stultitiae fan 'e Italjaanske humanist Faustino Perisauli. Hy skreau De Lof fan de Healwizens yn in wike tiid, wylst er yn Ingelân útfanhûze op it bûtenferbliuw Bucklersbury fan syn goede freon Thomas More, al brocht er der letter noch korreksjes, wizigings en tafoegings yn oan. De Latynske titel, Moriae Encomium, is mei sin dûbelsinnich en kin ek lêzen wurde as "De Lof fan More", wêrmei't Erasmus blykber syn freon earje woe. It wurk waard daliks nei de publikaasje al tige populêr, in bytsje ta Erasmus syn ûntsetting, en sels paus Leo X fûn it fermaaklik. Noch foar Erasmus syn dea wiene der al withoefolle printingen útferkocht en wie it oerset yn it Dútsk en it Frânsk. De earste Nederlânske fertaling ferskynde yn 1560.
Ynhâld
De Lof fan de Healwizens begjint op lichtsinnige wize, mar nimt al gaueftich in dûnkerder toan oan. De Healwizens, dy't Erasmus opfiert as in goadinne út 'e klassike Aldheid, priizget selsferrifelderij en sljochtsinnigens en giet dan fierder mei in satirysk ûndersyk fan 'e fromme mar byleauwige misstannen fan 'e roomske leare en de korrupte praktiken yn beskate parten fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke (dêr't Erasmus trouwens syn hiele libben lang trou oan bleau). Erasmus wie koartlyn teloarsteld út Rome weromkeard, dêr't er in oanbod foar in hege posysje yn 'e Kuery ôfwiisd hie; de Healwizens nimt geandewei it boek dan ek almar mear de skriuwer syn eigen tuchtigjend stimlûd oan, en einiget mei in sljochtwei opsomming fan kristlike ideälen.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan Moriae Encomium ferskynde yn 2002 ûnder de titel De Lof fan de Healwizens by Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Piter Wibertus Brouwer te Rotterdam, en de ynformative ynlieding waard skreaun troch Eric Hoekstra.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |