Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
In him weromlûkende gletsjer
Morene

In morene is pún oan 'e râne of de ein fan in gletsjer of iiskape. Faak binne der dúdlike herkenbere rêgen yn it lânskip fan te sjen. Morenen kinne wat formaat oangiet bot ferskille; sa binne der morenekompleksen yn Noard-Amearika dêr't guons fan tsientallen meters heech en kilometers lang binne, mar ek lytsere types lykas De Geer-morenes dy't mar in pear meter heech binne en meastentiids inkelde tsientallen meters lang.

Yn Nederlân

De Feluwehichten, Hûnsrich, de Utertske Hichterêch en it Ryk fan Nymwegen binne ûntstien yn it op ien nei lêste glasiaal, it Saalien. Doe wie Nederlân benoarden de line Haarlim-Utert-Nymwegen mei lâniis oerdutsen. Dat binne lykwols gjin einmorenen, mar driuwwâlen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • (in) Benn, D.I. & Evans, D.J.A; 2005: Glaciers & Glaciations, Arnold
  • (ned) Berendsen, H.J.A; 2000: Fysisch-geografisch onderzoek, Van Gorcum
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.