In moraliteit is in literêr sjenre en in foarm fan toaniel dy't benammentlik yn 'e Midsiuwen en de iere Renêssânse in protte brûkt waard. Moraliteiten binne in soarte fan allegoryen wêryn't de haadpersoan de personifikaasjes tsjinkomt fan alderlei abstrakte morele skaaimerken, lykas moed, earlikheid, eangstme, ensfh., dy't him oantrúnje om in from libben te ferkiezen boppe in libben dat de haadpersoan úteinlik nei de hel liede sil. Moraliteiten wiene fuortkommen út 'e religieuze mystearjestikken út 'e Midsiuwen en foarmen in stap op 'e wei nei de sekularisaasje fan 'e Westerske toanielkeunst. In bekend foarbyld fan in moraliteit út it Nederlânske taalgebiet is it let fyftjinde-iuwske Elckerlijc.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.