Monolatry (fan it Grykske μόνος, monos, "allinne", en λατρεία, latreia, "ferearing") is in benammen teologysk brûkte term foar in religieuze praktyk wêrby't leaud wurdt yn it bestean fan ferskate goaden, hoewol't dêrfan mar ien god fereare wurdt. Soks kin allinne foarkomme binnen in polyteïstyske kontekst, wêrby't yn it bestean fan mear as ien god leaud wurdt, mar it kin in earste stap wêze yn 'e rjochting fan it monoteïsme, wêrby't men noch mar yn it bestean fan ien God leaut. In folgjende stap yn dy rjochting soe it henoteïsme wêze kinne, wêrby't men alle (polyteïstysk)e goaden as ekwifalinte represintaasjes fan ien inkele God beskôget. Dizze term 'monolatry' waard wierskynlik foar it earst brûkt troch de Dútske bibelûndersiker en oriïntalist Julius Wellhausen (1844-1918).

De term 'monolatry' is benammen betocht om in oantsjutting te hawwen foar de religieuze sitewaasje fan 'e bibelske aartsfaars. Yn it joadendom en kristendom libbe nammentlik lang it idee dat de monoteïstyske leauwe yn 'e joadsk-kristlike God al úteinsette mei de aartsfaar Abraham. De moderne teology beskôget dat lykwols as in tige betwifelber idee, dat net ûnderstipe wurdt troch in sekuere lêzing fan 'e oarspronklike tekst fan it bibelboek Genesis, en dat ek poer histoarysk sjoen (op basis fan argeologyske opgravings) gjin hout liket te snijen.

It tinken is no dat de aartfaars Abraham, Izaäk en Jakob en harren neiste famyljeleden polyteïsten wiene, dy't leauden yn it bestean fan in protte goaden, mar dêrfan ien útkeazen om te ferearjen as harren persoanlike god. Letter is dy monolatryske sitewaasje ferdizene trochdat joaden en kristenen mei weromwurkjende krêft harren kennis fan 'e lettere ûntwikkeling fan harren religyen op 'e aartsfaars projektearren. Saakkundigen binne no fan miening dat de ierste foarm fan wat oantsjut wurde kin as it joadendom pas troch de profeet Mozes by de âlde Israeliten yntrodusearre waard, en dat de religy fan Mozes, it jahwisme, ek al gjin monoteïsme mar monolatry wie. Pas ûnder de Babyloanyske Ballingskip, yn 'e sechsde iuw f.Kr., soe it leauwe fan 'e Israeliten him ta in foarm fan monoteïsme, en dêrmei ta it moderne joadendom ûntwikkele hawwe.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.