It Mongoalsk is de memmetaal fan de measte bewenners fan Mongoalje, fan wa't de measten it Khalkha-dialekt prate. De taal wurdt ek sprutsen yn de oanswettende gebieten yn provinsjes fan Sina en Ruslân. It heart ta de Mongoalske talen, dy't neffens guon taalkundigen ûnderbrocht wurde kinne yn de Altayske talen, dêr't ek it Turksk by heart.
Oare Mongoalske talen binne it Kalmuksk, dat sprutsen wurdt by de Kaspyske See, it Boerjatysk yn East-Sibearje, it Moghol yn Afganistan en in tal lytsere talen yn Sina.
Skrift
It Mongoalsk waard yn ferskillende alfabetten skreaun. It Mongoalske alfabet ûntstie yn de 12e iuw en hat sûnt in tal feroarings meimakke. Sina is it iennige lân dêr't it Mongoalske alfabet yn stee fan it sirillysk alfabet brûkt wurdt.
It Mongoalske alfabet wurdt in Mongoalje net faak brûkt, mar op de Mongoalske bankbiljetten stean wol sinnen yn it Mongoalske alfabet.
Yn 1941 is it alfabet yn Mongoalje fergongen troch in oanpast syrillysk alfabet/(Russysk Mongoalsk). Dat alfabet is gelyk oan it Russysk alfabet, mar hat de letters de ө (ö) en de ү (ü) derop ta. It folsleine alfabet bestiet út de karakters:
- а, б, в, г, д, е, ё, ж, з, и, й, к, л, м, н, о, ө, п, р, с, т, у, ү, ф, х, ц, ч, ш, щ, ъ, ы, ь, э, ю, я
Keppeling om utens
- Funky Mongolian, stikmannich Mongoalske wurden.