Molekulêre biology is de stúdzje fan de biology op molekulêre skealje en is ûntstien yn de 30-er jierren fan de 20e iuw. It is besibbe oan tal fan oare biologyske stúdzjefjilden benammen oan genetika en biogemy. Molekulêre biology hâldt him benammen dwaande mei it ûndersykjen fan de ynteraksjes tusken de ferskate systemen yn in sel en hoe't dy regulearre wurde.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.