Mokkebank | ||
Mokkebank | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Laaksum (Iselmar) | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 1456 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Mokkebank is in mei reid, rûchten en boskjes begroeide sânplaat yn de Iselmar. It natoergebiet fan 66 hektare leit troch in begroeide geul los fan Gaasterlân. Hjir omhinne leit in wetterfûgelreservaat fan 1.456 hektare.
De bank ûntstie krektas de waarden oan de westkust troch de ôfsluting fan de Sudersee. Hjirtroch kaam east fan Laaksum in sânplaat drûch te lizzen. Hjir sieten in protte seefûgels op. Doe’t de geul tusken de fêstewâl fersâne kamen de eilantsjes en platen oan de fêstewâl fêst te sitten.
Yn de kwelderfegetaasje sieten yn it earstoan in protte stirns. Yn 1941 sieten der wol twatûzen pear grutte stirns. Mei it tanimmen fan de begroeiing ferdwûnen de fûgelkoloanjes en kamen der grutte fjilden fan reis en biis. De platen kamen geandewei fierder nei it easten te lizzen. De slikige, net begroeide eastlike plaat hjiit de Slykhoeke. Oan de seekant ûntstienen troch opstowing troch waar en wyn sândúntsjes.
Hjerringslynder
Troch de foarm fan de kustline bine der kloften klysters, miezen, reidsjongers, reidklysters en syskes te finen. Oan de bûtekant fan de bank sit in ringstasjon dy’t de oantallen al sûnt begjin santiger jierren byhâldt.
Tusksen augustus en oktober binne der faak tsientûzenen hjerringslynders dy’t op de Mokkebank komme om te ruien. Se ferlieze fdan alle slachpinnen tagelyk en kinne dan in skoftlang net fleane. As de fûgels net op spjirring fiskje sitte se yn it ûndjippe wetter by de mokkebank om te poetsen en te sliepen.
Op de bank binne skrale greiden, rûchtes en strewellen en in grut ferskaat oan planten. De begroeiing liket op dy fan de waarden, it eigen karakter komt mooglik troch it sypwetter út Gaasterlân by Laaksum. Oan de dyk is in wylgebosk ûntstien dêr’t in seldsum soarte trijekantgers groeit. It behear fan It Fryske Gea is om skraal greidlân te krijen dêr’t ek orchideeën groeie. Ut de fûgelsjochhutte wei binne bytiden ek ree, foks en das te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |