Mohenjo-Daro, 80 km súdwest fan Sukkur, wie it sintrum fan de Yndusbeskaving (2600-1700 f.Kr.).

Mohenjo-Daro (Hindy:मोएन-जोदड़ो) wie in stêd yn de Yndusbeskaving, sa'n 80 km súdwestlik fan it tsjintwurdige Sukkur yn de provinsje Sindh fan Pakistan. Begjin jierren tweintich fan de 20e iuw waard it herûntdekt. Yn fergelyk mei Harappa, dat om 1900 hinne ûntdutsen waard, is Mohenjo-Daro better konservearre en jout mear ynformaasje op oer de beskaving dêr't beide út fuortkamen. Mohenjo-Daro leit fan Harappa 600 km de Yndus ôf.

Tiidrek

De stêd is boud om-ende-by 2600 f.Kr. en waard likernôch 1700 f.Kr. ferlitten. Dat de bewenners fuorttrutsen hie nei alle gedachten te krijen mei it him wizigjen fan de rin fan de rivier dêr't de stêd oan lei en dy't de hiele beskaving yn de omkriten fan wetter foarseach.

Namme

De taal en it skrift fan de Yndusbeskaving binne hieltiid noch net ûntsifere, wêrtroch de oarspronklike namme fan dizze en alle oare stêden út de omkriten, ek dy fan de Punjab en Gujarat, ûnbekend bliuwe.

Yn it Sindy betsjut "Mohenjo-daro" "Deadenberch".

Bou

Stiennen búste fan in wichtige, as „prysterkening“ oantsjutte persoan fan de Yndusbeskaving út Mohenjodaro.

Mohenjodaro liket goed sân kearen ferwoastge en op 'e nij boud te wêzen. Hieltyd waard de nije stêd dêrby boppe-op de âlde oanlein. Skiedkundigen tinke dat oerstreamings troch de Yndus de oarsaak fan de ferwoastgings binne.

De stêd bestie út twa parten, de saneamde "Sitadel" en de "Benedenstêd". It meastepart fan de benedenstêd is op it stuit noch net opgroeven, mar de sitadel beskikte hiel dúdlik oer in iepenbier bad, in grutte romte mei plak foar goed 5.000 minsken en twa grutte romten foar gearkomsten of om merk te hâlden.

Sjoch ek

  • Chanhudaro
  • Dholavira
  • Rakhigarhi

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.