In mockumentary (útspr.: [mɔkju'mɛntəɹi], likernôch: "mokjûmenturry") is in film of tillefyzjeprogramma wêryn't fiktive foarfallen presintearre wurde yn 'e styl fan in dokumintêre, sadat der in soarte fan parody ûntstiet. De term 'mockumentary' is in gearlûking fan 'e Ingelske wurden to mock, dat "bespotte" betsjut, en dockumentary, "dokumintêre". Mockumentarys kinne sawol komysk as dramatysk fan aard wêze, hoewol't de komyske foarm fierwei it measte foarkomt. Dramatyske mockumentarys lykje der in protte op, mar moatte net betize wurde mei it dokudrama, wêryn't wiere foarfallen beskreaun wurde mei in kombinaasje fan dramatyske en dokumintêre eleminten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.