In moanne is yn de astronomy in byplaneet of natuerlike satellyt fan in planeet, en kin definiëarre wurde as in (lytsere) planeet dy't yn in baan om in oare, gruttere planeet draait. It bekendste foarbyld fan sa'n natuerlike satellyt is de de Moanne (yn 't Latyn Luna), de byplaneet fan de Ierde.
Moannen yn it sinnestelsel
Utsein Merkurius en Fenus hawwe alle planeten yn ús sinnestelsel moannen:
- Ierde
- Luna
- Mars
- Fobos en Deimos
- Jupiter
- Metis, Adrastea, Amaltea, Tebe, Io, Europa, Ganymedes, Kallisto, Leda, Himalia, Lysitea, Elara, Ananke, Karme, Pasifae en Sinope
- Saturnus
- Pan, Atlas, Prometeus, Pandora, Epimetheus,Janus, Mimas, Enseladus, Tetys, Telesto, Kalypso, Dione, Helene, Rea, Titan, Hyperion, Iapetus en Febe.
- Uranus
- Kordelia, Ofelia, Bianka, Kressida, Desdemona, Juliet, Portia, Rosalind, Belinda, Puk, Miranda, Ariël, Umbriël, Titania, Oberon, Caliban, Sykoraks, Prospero, Setebos en Stefano.
- Neptunus
- Naiad, Talassa, Despina, Galatea, Larissa, Proteus, Triton en Nereid.
- Pluto
- Garon.
Sjoch ek
- Oare betsjuttings fan Moanne
Keppelings om utens
- Japan Aerospace Exploration Agency (JAXA), In protte Japanske foto's fan de moanne Selene
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.