Miuwen | ||
Lytse sjouwerman (Larus fuscus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
ûnderskift: | miuwen en sibben (Lari) | |
famylje: | miuwfûgels (Laridae) | |
ûnderfamylje: | miuwen (Larinae) | |
Bonaparte, 1831 | ||
De miuwen of kobben (Larinae) binne in ûnderfamylje fan seefûgels út de famylje fan de miuwfûgels (Laridae). Ta likernôch 2007 wurden miuwen, de stirnzen en de skimkers as aparte famyljes sjoen, mar no binne it as ûnderfamyljes yn deselde famylje fan de Laridae rekkene. De skraitsen en de alken binne aparte famyljes njoggen de miuwfûgels.
De miuwen binne middelgrutte ta grutte wite en/of grize fûgels, mei stevige snaffels en poaten mei swimfluesen. De kop is faak swart of krekt hielendal wyt. De lytste soarte is de lytse miuw fan sa’n 29 cm en 120 g, de grutste de grutte sjouwerman mei sa’n 76 cm en 1,75 kg.
Fersprieding
De miuwen komme oer de hiele wrâld foar, ek yn de arktyske en antarktyske gebieten. De measte soarten libje tichtby de kust of yn it binnenlân. Allienich de winterkobben libje op de iepen oseaan.
Libbenswize
De measte miuwen binne fleisiters: fisken, krabben, skaaldieren, en ek wol aaien en lytse fugels. Ferskate soarten binne ek iesiters, en bygelyks de sulvermiuw en de kob helje soms in hiel part fan harren fiedsel út jiskefetten en jiskebulten, en kinne yn steden in pleach wurde. De miuwen libje en briede in grutte koloanjes. Se lizze twa of trije spikkelde aaien in nesten fan plantemateriaal op de grûn. De fûgels wurde nei twa jier (foar de lytsere soarten) ta fjouwer jier (de gruttere soarten) folwoeksen. De miuwesoarten kinne âld wurde, ta 49 jier yn in inkeld gefal foar de sulvermiuw.
Klassifikaajse
Ta likernoch 2000 waarden hast alle miuwesoaarten yn it skaai Larus yndield, maar ûndersiik liet sjen dat dit skaai polyfyletysk is, d.w.s. dat de lêste mienskiplike foarâlde fan alle soarten net ta itselde skaai hearde. Dêrom binne de soarten no oer ferskate skaaien ferdield.
De ûnderfamylje fan de miuwen (Larinae) omfet foljende skaaien en soarten:
- Skaai: Creagus, 1 soarte:
- skjirresturtmiuw (Creagus furcatus)
- Skaai: Rissa, 2 soarten:
- winterkob (Rissa tridactyla)
- readpoatkob (Rissa brevirostris)
- Skaai: Pagophila, 1 soarte:
- ivoarmiuw (Pagophila eburnea)
- Skaai: Xema, 1 soarte:
- swellesturtmiuw (Xema sabini)
- Skaai: Chroicocephalus, 11 soarten:
- tinsnaffelmiuw (Chroicocephalus genei)
- lytse kob of beammiuw (Chroicocephalus philadelphia)
- sulverkopmiuw (Chroicocephalus novaehollandiae)
- swartsnaffelmiuw (Chroicocephalus bulleri)
- Andesmiuw (Chroicocephalus serranus)
- brúnkopmiuw (Chroicocephalus brunnicephalus)
- Patagonyske kob (Chroicocephalus maculipennis)
- kob (Chroicocephalus ridibundus)
- griiskopmiuw (Chroicocephalus cirrocephalus)
- Hartlaubmiuw (Chroicocephalus hartlaubii)
- Sineeske kob (Chroicocephalus saundersi)
- Skaai: Hydrocoloeus, 1 soarte:
- lytse miuw of dwerchkob (Hydrocoloeus minutus)
- Skaai: Rhodostethia, 1 soarte:
- rôze miuw (Rhodostethia rosea)
- Skaai: Leucophaeus, 5 soarten:
- dolfynmiuw (Leucophaeus scoresbii)
- lavamiuw (Leucophaeus fuliginosus)
- skattermiuw (Leucophaeus atricilla)
- lytse prêrjemiuw (Leucophaeus pipixcan)
- skiere miuw (Leucophaeus modestus)
- Skaai: Ichthyaetus, 6 soarten:
- reliktmiuw ((Ichthyaetus relictus)
- koraalmiuw ((Ichthyaetus audouinii)
- swartkopmiuw ((Ichthyaetus melanocephalus)
- grutte swartkopmiuw (Ichthyaetus ichthyaetus)
- wyteachmiuw (Ichthyaetus leucophthalmus)
- roetmiuw (Ichthyaetus hemprichii)
- Skaai: Larus, 32 soarten:
- grousnaffelmiuw (Larus pacificus)
- swartbânmiuw (Larus belcheri)
- Argentynske miuw (Larus atlanticus)
- swartsturtmiuw (Larus crassirostris)
- jiskemiuw (Larus heermanni)
- ûnwaarsfûgel (Larus canus)
- ringsnaffelmiuw (Larus delawarensis)
- grutte prêrjemiuw (Larus californicus)
- grutte sjouwerman (Larus marinus)
- kelpmiuw (Larus dominicanus)
- Beringmiuw (Larus glaucescens)
- Westkustmiuw (Larus occidentalis)
- gielfuotmiuw (Larus livens)
- grutte iismiuw of iiskob (Larus hyperboreus)
- lytse iismiuw of lytse iiskob (Larus glaucoides)
- sulvermiuw (Larus argentatus)
- Amerikaanske sulvermiuw (Larus smithsoianus)
- Eastsybeariske sulvermiuw (Larus vegae)
- Pontyske sulvermiuw (Larus cachinnans)
- gielpoatsulvermiuw (Larus michahellis)
- Armeenske miuw (Larus armenicus)
- laairêchmiuw (Larus schistisagus)
- lytse sjouwerman (Larus fuscus)