Misty Stone | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
Misty Stone yn 2010 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Misti Stone, Misty, Jenny Stone | |
echte namme | Patricia Darice Lunsford | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 maart 1986 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Yndiaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, prostituee | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.mistystoneonline.com |
Misty Stone, echte namme: Patricia Darice Lunsford (Los Angeles, 26 maart 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en prostituee fan Afro-Amerikaansk en Yndiaansk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol de artystenammen Misti Stone, Misty en Jenny Stone brûkt hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 32A. Stone is ien fan 'e populêrste swarte pornoaktrises fan dit stuit en stie yn desimber 2014 as Pet of the Month yn it neakenblêd Penthouse.
Libben en karriêre
Jonkheid
Stone waard yn 1986 berne yn Inglewood, in wyk fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se groeide fierhinne op yn Omaha, yn 'e steat Nebraska, mar yn har tinerjierren ferhuze se mei har âldelju werom nei Los Angeles, dêr't se de middelbere skoalle folge oan 'e Crenshaw High School en fjouwer jier lang yn wedstriidferbân basketballe as lid fan it skoaltiim de Crenshaw Cougars.
Pornokarriêre
Oer har yntrede yn 'e pornoyndustry sei Stone yn 2014 yn in fraachpetear: "Ik waard misbrûkt troch ús heit, dy't no net mear libbet. Fan dy ûnderfining krige ik geastlik in rare knoei. Fanôf dat punt gie it mei my berchôf oant ik in pornostjer waard." Stone rekke yn 'e macht fan in loverboy, dy't har harsels prostituëarje liet, en wurke letter ferskate jierren as stripper. Fia lju mei wa't se yn 'e kunde kaam yn 'e stripklubs dêr't se dûnse, rekke se doe úteinlik belutsen by de pornoyndustry. Yn 2006, doe't se tweintich jier wie, makke Stone har debút yn in pornografyske film, en sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 325 pornofilms spile.
Dêrby hat se û.m. foar sokke foaroansteande labels wurke as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Hustler Video, New Sensations, Evil Angel, Sin City, Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Anabolic Video, Red Light District, Devil's Film en Shane's World. Ek hat se wol yn films spile fan minder bekende studio's, wêrûnder West Coast Productions, Platinum X Pictures, Pure Play Media, Third Degree Films en Black Ice. Fierdersoan hat Stone ek yn 't spier west foar de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel en foar pornosites op it ynternet, lykas Naughty America en Danni.com.
Stone waard as pornoaktrise al rillegau tige populêr, en wurdt no wol de Halle Berry fan 'e pornoyndustry neamd. Sûnt har debút is Stone oant en mei 2014 mar leafst 17 kear nominearre wurden foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), mar se hat der noch nea ien wûn. Har karakteristike look, dy't se sels omskriuwt as "Afro-sintrysk santiger jierren", soe se ûntliend hawwe oan aktrise Pam Grier. Yn it fraachpetear út 2014 sei Stone (dy't oarspronklik boekhâldster wurde woe) oer har pornokarriêre: "Earst die ik it inkeld foar it jild, mar no haw ik it gefoel dat ik hjir echt thúshear, om't ik myn eigen lot bepaal. [...] It is in mislike saak hoe't ik hjir bedarre bin, mar ik bin hjir no wier gelokkich." Yn itselde ynterview gie Stone ek yn op har salaris, dat no op $1.300 de sêne leit. Neffens eigen sizzen is se yn 2006 hielendal ûnderoan begûn, mei $300 foar in sêne, en neffens har hat se har opgeande lean foar in grut diel te tankjen oan it wurk fan har ympressario James Bartholet.
Teffens hat Stone oanjûn dat se it echte aktearwurk graach dwaan mei, en dat se dêrom út 'e skroeven wie har rol yn Not the Cosbys XXX (2009), in pornografyske parody op 'e bekende Amerikaanske tillefyzjekomeedzjesearje The Cosby Show, út 'e tachtiger jierren. Stone spile yn dizze film, en teffens yn it ferfolch Not the Cosbys 2 XXX (2010) de rol fan dochter Denise Huxtable, dy't yn 'e oarspronklike rige fertolke waard troch Lisa Bonet. Yn 2011 spile se fierders presintatrise Oprah Winfrey yn Hustler's Untrue Hollywood Stories: Oprah, en yn 2013 hie se de rol fan sjongster Mel B yn OMG... It's the Spice Girls XXX Parody. Yn febrewaris 2014 liet Stone witte dat har doel no wie om troch te brekken yn 'e mainstream-filmyndustry, en dat se yn pornofilms tenei inkeld noch lesbyske en masturbaasjesênes dwaan soe.
Oare wurkterreinen
Njonken har aktearwurk hat Stone ek ferskate kearen as neakenmodel posearre foar ferskillende neakenblêden. Sa stie hja yn desimber 2014 as Pet of the Month yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Penthouse. Teffens stie se dy moanne op 'e omslach fan dat blêd. Stone fette dat op as in teken fan feroarjende tiden yn 'e Feriene Steaten, mei't yn bleatblêden as de Penthouse en de Playboy oant no ta blûne, blanke froulju altyd in streekje foar hiene. Yn datselde ramt kin ek Stone har aktivisme yn 'e pornoyndustry pleatst wurde, dêr't se in ein besiket te meitsjen oan 'e praktyk dat swarte aktrises minder betelle krije as harren blanke kollega's.
Underwilens hat Stone ferskate mainstream-aktearrollen witten te bemachtigjen. Sa spile se yn 'e tillefyzjerige Co-Ed Confidential, hie se roltsjes yn 'e searjes Basketball Wives en Sons of Anarchy en wurke se as stimaktrise mei oan it kompjûterspultsje Grand Theft Auto V. Ek hie se lytse filmroltsjes yn Don Jon (2013) en Sexy Warriors (2014). Yn 2013 rjochte Stone boppedat har eigen produksjestudio op, mei as namme Misty Stone Productions. Fierdersoan wie Stone de earste swarte pornoaktrise fan wa't ôfjitsels fan 'e mûle, fagina en anus makke waarden om der Fleshlight-seksboartersguod fan te meitsjen.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2009 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Stephanie Crane, Mickey Graham, Audrey Hollander, Desire Moore, Brooke Scott, Flower Tucci en Holly Wellin) | The Violation of Flower Tucci |
CAVR Award | wûn | hytste pornostjer fan it jier | n.f.t. | |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Sochee Mala) | Pussy a Go Go! |
nominearre | bêste orale sekssêne (mei Lexi Love) | Flight Attendants | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Flight Attendants | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
Urban X Award | wûn | pornostjer fan it jier | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | bêste inkele optreden (aktrise) | Not the Cosbys XXX | |
nominearre | ûnderwurdearre sirene | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Tony DeSergio) | Awakening to Love |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Briana Blair, Alektra Blue, Jessica Drake, Kayme Kai, Tory Lane, Kaylani Lei, Chanel Preston, Kirsten Price, Bill Bailey, Barrett Blade, Mick Blue, Dale DaBone, Marcus London, Erica Masterson en Sacha) | Speed | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Chanel Preston, Juelz Ventura, Dale DaBone, Chris Johnson en Lexington Steele) | This Ain't Avatar XXX | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Awakening to Love | ||
nominearre | bêste aktrise | A Love Triangle | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2012 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Bill Bailey) | Taxi Driver: A XXX Parody |
nominearre | bêste aktrise | Hustler's Untrue Hollywood Stories: Oprah | ||
Urban X Award | wûn | bêste sekssêne mei in pearke (mei Bill Bailey) | Horizon | |
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Men in Black: A Hardcore Parody |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Skin Diamond, Brooklyn Lee, Mika Tan, Dane Cross, James Deen en Alex Gonz) | Official The Hangover Parody | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Men in Black: A Hardcore Parody | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
NightMoves Award | wûn | bêste "etnyske" artyste (kar fan de redakteurs) | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | bêste aktrise yn in pornografyske parody | Men in Black: A Hardcore Parody |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Misty Stone
- (in) Biografy en filmografy fan Misty Stone yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Misty Stone yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Misty Stone yn 'e Adult Film Database (AFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Misty Stone op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|