mistel
taksonomy
rykplanten (Plantae)
stammeblêdplanten (Euphyllophyta)
klassebedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skiftsandelhouteftigen (Santalales)
famyljesandelhoutplanten (Santalaceae)
skaaimistels (Viscum)
soarte
Viscum album
Linnaeus, 1753

De mistel (Viscum album) is een wintergriene plant dy't yn beammen libbet. It is in healparasyt: foar wetter en sâlten is hy ôfhinklik fan syn gasthear. De mistel wurdt ek "mistletoe", "fûgellym" neamd. Yn Nederlân is de plant wetlik beskerme.

In fan in din ôfskuorde mistel. Goed is it ôfwarmeganisme fan de beam te sjen oan de woekeringen en de harslaach

De mistel komt yn hiel Fryslân foar. De noardlike grins is net Súd-Limburch lykas algemien oannomd wurdt. Yn Súd-Limburch is hy frij algemien, mar yn de rest fan Nederlân minder. Yn Dútslân komt de mistel ek in soad foar, benammen yn appelbeammen. Yn Noard-Denemark is de mistel wol oantroffen yn in kletterbeam. De plant komt foar yn popelieren, (mar nea yn klapperbeammen), appelbeammen en hagedoarnstrûken.

De wite bei-eftige frucht wurdt troch fûgels ferspraat. Se wurde opfretten yn de oksel fan in beamtûke, it died bliuwt lizzen en sprút út. De woartel groeit yn de beam. Siedden wurde net fertard en hawwe in kliemske laach, fandêr ek de namme fûgellym. De siedden binne fergiftich.

Kulturele betsjutting

  • Benammen by de jierwikseling wurdt de mistel as fersiering ophong. It ferhaal wol dat men immen dy't der ûnder stiet samar tútsje mei.
  • By de Kelten en Germanen wie de mistel in hillige plant, dy't yn harren magyske fruchtberheidsrituelen in grutte rol spile. Neffens Plinius de Aldere snied in yn it wyt klaaide druïde yn de midwintersearemony mei in gouden sikkel de mistel út de hillige iik. De ôfsniene plant mocht de grûn net reitsje en waard yn wite doeken opfong. Dêrnei slachte hy de offerbisten en dompele de mistel yn wetter dat dan as beskerming tsjin sykten en ûnheil brûkt waard. De offerjeften wienen bedoeld foar de geasten fan de fruchtberheid, lykas de goadinne Freya.
Mistels
  • In de Skandinavyske mytology waard Balder deade troch in pylkoerd makke fan in mistel.
  • De mistel stie as genêsmiddel bekend yn de krûdegenêskunde (Hippocrates, Dodoens). Yn de antroposofy en de folksgenêskunde wurde de medisinale eigenskippen fan de mistel noch altyd brûkt.
  • De mistel wurdt oan de balken fan stâlen hong; dit wie om de heksen, spûken of nachtmerjes fuort te jeien en sa it fee fruchtber te hâlden.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Viscum album fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.