Mississippy mei sydrivieren

De Mississippy (Ingelsk: Mississippi River) is mei in langte fan 3766 kilomter de grutste rivier fan Noard-Amearika. De rivier ûntspringt út it Lake Itasca yn it noarden fan Minnesota. Krekt noardlik fan de stêd Sint Louis mûnet de rivier Missoery út yn de Mississippy. De Mississippy sels mûnet by New Orleans út yn de Golf fan Meksiko. Oare grutte stêden oan de Mississippy binne Minneapolis, Memphis en Baton Rouge. It gruttere skipsferkear kin oant Minneapolis de rivier op.

Untdekking

De earste Jeropeaan dy't de Mississippy seach wie nei alle wierskyn de Spanjert Hernando de Soto yn 1541. Hy stoar it jier dêrnei by de rivier. De Frânsken Louis Joliet en Jacques Marquette ferkenden in grut part fan de Mississippy yn 1673 en harren lânsman René Robert Cavelier, Sieur de La Salle gie yn 1682 de rivier ôf oan de mûning. De kontreien om de rivier waarden yn it earstoan Frânsk gebiet, ûnder de namme Louisiana.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.