Mishanneling is it tabringen fan ferwûnings, pine of oare skea of skansearrings oan immen oars as jinsels. Dêrby wurdt yn 'e regel ûnderskie makke tusken lichaamlike mishanneling en geastlike mishanneling. By lichaamlike mishanneling wurde ferwûnings en/of pine tabrocht oan it lichem fan in oar (bgl. troch immen te slaan, skoppen, knipen, klauwen, ensfh.) wylst by geastlike mishanneling mentale pine oan in oar tabrocht wurdt (bgl. troch immen út te skellen, bang te meitsjen of te fernederjen). Dêrnjonken besteane der noch ferskate bysûndere foarmen fan mishanneling:
- âldereinmishanneling
- bernemishanneling
- bistemishanneling
- seksuële mishanneling
Yn Nederlân is mishanneling in misdriuw, dat strafber steld is yn 'e kêsten 300-306 fan it Wetboek fan Strafrjocht. Dêrby wurdt ûnderskie makke tusken fjouwer ferskillende soarten mishanneling. Ofhinklik fan it tabrochte letsel stiet op 'gewoane' mishanneling in finzenisstraf fan 3-6 jier; op 'gewoane' mishanneling mei opsetsin 4-9 jier; op swiere mishanneling 8-10 jier; en op swiere mishanneling mei opsetsin 12-15 jier. It ferskil tusken 'gewoane' en swiere mishanneling wurdt bepaald troch de fraach oft it slachtoffer der bliuwend letsel troch oprûn hat. De maksimumstraf fan 10, resp. 15 jier by swiere mishanneling wurdt inkeld oplein as it slachtoffer oan syn ferwûnings stoarn is. Mishanneling mei de dea ta gefolch wurdt yn it Nederlânske strafrjocht ûnderskaat fan moard, deaslach en dea troch skuld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |