De ministerried is yn Nederlân de gearkomste fan alle ministers, ek dy sûnder eigen departemint, ûnder lieding fan de minister-presidint. De wichtichste taak fan de ministerried is it nimmen fan besluten oer saken lykas wetsfoarstellen en ûntwerpen fan algemiene maatregels fan (ryks)bestjoer. Dit docht de ministerried foar't dy oan de Ried fan Steat oanbean wurde. Sûnt 1983 is de posysje en de wurkwize fan de ministerried fêstlein yn de Grûnwet.[1]

De ministerried komt yn prinsipe alle freeds gear yn de Trêvesseal fan it ministearje fan Algemiene Saken op it Binnenhôf yn De Haach. Tidens de tarieding fan de ryksbegrutting foar it oankommende jier en as der wichtige aktuele saken binne, fine der ek gauris op oare dagen gearkomsten plak. De besprekkings fan de ried binne net iepenbier en wat bepraat wurdt is betroulik, mar de minister-presidint jout nei ôfrin fan de gearkomste wol in parsekonferinsje oer de besluten dy't naam binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ministerraad. Parlement & Politiek. Rieplachte op 4 maart 2018.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.