Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
VWS
Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lânflagge fan Nederlân Nederlân
skiednis
oprjochting1982
funksjehâlders
ministerConny Helder
Pia Dijkstra (sûnder portefúlje)
steatssekretarisMaarten van Ooijen
sekretaris-generaalMarcelis Boereboom
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-volksgezondheid-welzijn-en-sport

It Nederlânske ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, ôfkoarte ta VWS (Volksgezondheid, Welzijn en Sport), is it ministearje dat him foaral dwaande hâldt mei de folkssûnens. Dat omfettet bygelyks sikehuzen, genêsmiddels, syktekosten en hûsdokters. Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar it previnsjebelied, de previntive sûnenssoarch, de publike sûnens en de itensfeiligens. Ek saken dy't te krijen hawwe mei it wolwêzen hearre dêrta, lykas de âlderesoarch, it jongereinbelied, it sosjaal-kultureel wurk, de ferslaafdesoarch en de maatskiplike tsjinstferliening. Dêrneist is it ministearje ferantwurdlik foar it belied wat sport oanbelanget.

Politike lieding

Yn it kabinet-Rutte III wie Hugo de Jonge (CDA) de minister. Ministers sûnder portefúlje wiene Bruno Bruins (VVD), Martin van Rijn (PvdA) en Tamara van Ark (VVD). Steatssekretaris wie Paul Blokhuis (CU).

Yn it kabinet-Rutte IV is Conny Helder (VVD) de minister (wie Ernst Kuipers, D66). Pia Dijkstra (D66) is minister sûnder portefúlje (wie Conny Helder, VVD). Maarten van Ooijen (CU) is steatssekretaris.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.