Ministearje fan Finânsjes
Ministearje fan Finânsjes (Nederlân)
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lânflagge fan Nederlân Nederlân
adresKoarte Foarhout 7
De Haach
skiednis
oprjochting12 maart 1798
funksjehâlders
ministerSteven van Weyenberg
steatssekretarisMarnix van Rij, Aukje de Vries
sekretaris-generaalBas van den Dungen
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-financien

It ministearje fan Finânsjes is yn Nederlân it ministearje dat him bemuoit mei de finânsjes fan it lân: de begrutting, de belestingen en de steatskas.

Politike lieding

Yn it kabinet-Rutte III wie Wopke Hoekstra fan it CDA de minister fan Finânsjes. De steatssikretarissen wiene Menno Snel (D66) - hâldt him dwaande mei ûnder mear fiskale saken, finânsjes, desintrale oerheden en kânsspullen, Hans Vijlbrief (D66) en Alexandra van Huffelen (D66).

Yn it kabinet-Rutte IV is Steven van Weyenberg fan D66 (wie Sigrid Kaag, D66) de minister en Marnix van Rij fan it CDA en Aukje de Vries fan 'e VVD de steatssikretarissen.

Taken

It ministearje fan Finânsjes is ferantwurdlik foar de ynkomsten en útjeften fan it Ryk. It sjocht derop ta dat it jild fan 'e Nederlânske oerheid in goed plak krijt.

Ek is it ministearje fan Finânsjes ferantwurdlik foar it binnenlânsk finansjeel-ekonomysk belied. Dat wol sizze de grutte linen fan 'e ynkomsten en útjeften fan bedriuwen en boargers.

It ministearje hâldt boppedat tafersjoch op it funksjonearjen fan 'e finansjele merken, de finansjele ynstellings en it betellingsferkear.

Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar de ôfstimming fan it finansjeel-ekonomysk belied op Jeropeesk en wrâldwiid nivo.

Wichtige ûnderdielen fan it Ministearje fan Finânsjes binne de Belestingtsjinst en de Dûane.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.