Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
BZK
Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
It hjoeddeiske gebou fan it ministearje.
It hjoeddeiske gebou fan it ministearje.
algemien
lânflagge fan Nederlân Nederlân
adresTurfmerk 147, De Haach
skiednis
oprjochting12 maart 1798
funksjehâlders
ministerHugo de Jonge
steatssekretarisAlexandra van Huffelen
sekretaris-generaalMaarten Schurink
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-binnenlandse-zaken-en-koninkrijksrelaties

It Nederlânske ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, ôfkoarte ta BZK (Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties, is de opfolger fan it eardere ministearje fan Binnenlânske Saken (ôfkoarte ta BiZa). It taheaksel 'Keninkryksrelaasjes' hat te krijen mei de oerseeske ryksdielen Arûba, Kurasau en Sint-Marten, dy't foar 1998 ûnder it Kabinet foar Nederlânsk-Antiljaanske en Arûbaanske Saken foelen.

Politike lieding

Yn it kabinet-Rutte III wie Kajsa Ollongren (D66) de minister en Raymond Knops (CDA) de steatssikretaris.

Yn it kabinet-Rutte IV is Hugo de Jonge (CDA) de minister (wie minister sûnder portefúlje foar folkshúsfesting en romtlike oardering) (minister wie Hanke Bruins Slot, CDA) en Alexandra van Huffelen (D66) de steatssikretaris.

Kearntaken

De wichtichste taken fan it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes binne:

  • It ynstean foar de demokratyske rjochtssteat
  • De soarch foar in goed wurkjend iepenbier bestjoer
  • It ynstean foar de kwaliteit fan meiwurkers en bestjoerders yn 'e rykstsjinst
  • It bewaken fan 'e Grûnwet
  • It koördinearjen fan 'e gearwurkingsrelaasje mei Arûba, Kurasau en Sint-Marten
  • De soarch foar it konstitúsjonele steatsrjochtlike bestel
  • It slagjen fan partisipaasje en yntegraasje fan nije ynwenners
  • Gruttestêdebelied en befolkingskrimp
  • Wenningmerk (keap- en hiersektor, wêrûnder wenningkorporaasjes)
  • Hierbelied/hiertaslach
  • Boubelied
  • Rýksûnderkommen

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.