Ministearje fan Bûtenlânske Saken
BZ
Ministearje fan Bûtenlânske Saken (Nederlân)
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lânflagge fan Nederlân Nederlân
adresRijnstraat 8
De Haach
skiednis
oprjochting12 maart 1798
funksjehâlders
ministerHanke Bruins Slot
Liesje Schreinemacher (BHU)
sekretaris-generaalPaul Huijts
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-buitenlandse-zaken

It Nederlânske ministearje fan Bûtenlânske Saken, ôfkoarte ta BZ (Buitenlandse Zaken), is it ministearje dat him bemuoit mei de bûtenlânske relaasjes fan it Keninkryk fan de Nederlannen, ynklusyf Jeropeeske Saken en Untwikkelingsgearwurking. Ek stipet it ministearje Nederlanners en Nederlânske bedriuwen om utens.

Politike lieding

Yn it kabinet-Rutte III wiene de ministers fan Bûtenlânske Saken Halbe Zijlstra (VVD), Stef Blok (VVD) en Ben Knapen (CDA). De minister fan Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (BHU) wurket ek út it ministearje fan Bûtenlânske Saken wei; wiene Sigrid Kaag (D66) en Tom de Bruijn (D66).

Yn it kabinet-Rutte IV is de minister fan Bûtenlânske Saken Hanke Bruins Slot fan it CDA (wie Wopke Hoekstra, CDA). De minister fan Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (BHU) is Liesje Schreinemacher fan 'e VVD.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.