Ministearje fan Algemiene Saken
AZ
Ministearje fan Algemiene Saken
It ministearje fan Algemiene Saken oan it Binnenhôf
It ministearje fan Algemiene Saken oan it Binnenhôf
algemien
lânflagge fan Nederlân Nederlân
adresBinnenhôf 19, De Haach
skiednis
oprjochting3 july 1937
funksjehâlders
ministerMark Rutte
sekretaris-generaalGert-Jan Buitendijk
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-algemene-zaken

It Nederlânske ministearje fan Algemiene Saken, ôfkoarte ta AZ (Algemene Zaken), is it ministearje fan 'e minister-presidint fan Nederlân. It is mei likernôch 400 meiwurkers fierwei it lytste ministearje.

Politike lieding

Sûnt syn oantreden yn 2010 is Mark Rutte minister-presidint en jout hy dus lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.

Amtlike lieding

Amtlik lieder (sikretaris-generaal) wie Paul Huijts en is no Gert-Jan Buitendijk.

Taken

De wichtichste taken binne it stypjen fan 'e minister-presidint by de koördinaasje fan it algemiene regearbelied en wurdfiering dêroer, mar ek de koördinaasje fan it algemiene kommunikaasjebelied.

Ta it ministearje fan Algemiene Saken hearre ûnder oare it kabinet fan 'e minister-presidint, de Ryksfoarljochtingstsjinst (RVD) en de Tsjinst Publyk en Kommunikaasje. Dêrneist regelt it ministearje saken foar it buro fan 'e Wittenskiplike Rie foar it Regearbelied (WRR) en de Kommisje fan Tafersjoch op de Ynljochtings- en Feiligenstsjinsten, en is it ferantwurdlik foar it kabinet fan de Kening.

Tusken 1945 en 1947 wie der gjin ministearje fan Algemiene Saken. De minister-presidint liede doe it ministearje fan Algemiene Kriichsfiering fan it Keninkryk, in yn 1942 yn Londen ynsteld departemint. Minister-presidint Louis Beel hefte dat ministearje yn 1946 op en waard minister fan Binnenlânske Saken. Doe't dúdlik waard dat de kombinaasje te swier wie, kaam yn 1947 it ministearje fan Algemiene Saken dochs werom.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.