Mindert Evert Hepkema (Nijehaske, 4 oktober 1881 – Ljouwert, 29 july 1947) wie in Nederlânse abbekaat, krante-útjouwer en sportbestjoerder. Hy wie yn 1909 de oprjochter fan de Feriening De Fryske Alve Stêden.
Libben
Mindert Hepkema wie in soan fan Hearrenfeanske útjouwer Jacob Hepkema, de oprjochter fan Hepkema's Krante. Hy die it gymnasium yn Ljouwert en studearre rjochten oan de Universiteit fan Leiden. Nei syn promoasje yn 1904 begûn er in advokatekantoar yn Ljouwert.
Hepkema hie fan jongs of oan in soad niget oan sport. Hy wie warber as hurdfytser, reedrider, fuotballer yn it earste alvetal fan fuotbalklup Frisia. Ut reden fan ûnfrede en frustraasje mei De Friesche IJsbond, dy’t op 2 jannewaris 1909 de earste Alvestêdetocht organisearre hie, rjochte Hepkema op 15 jannewaris 1909 de Vereniging De Friesche Elf Steden op. De earste tocht waard in pear dagen earder riden as at de bedoeling wie, Hepkema wie doe yn Hamburch, kaam te let foar de ynskriuwing dat koe doe net meidwaan. Hepkema wie oant syn dea ta foarsitter fan De Friesche Elf Steden. Yn syn perioade waarden acht tochten organisearre. Yn de twadde Alvestêdetocht (1912) einige Hepkema as njoggende. By de tredde Alvestêdetocht yn 1917 waard er 29e, op benei sân oere fan winner Coen de Koning. Troch materiaalpech ferlear er in soad tiid.
Nei it ferstjerren fan syn broer Tjebbo yn 1929 waard Hepkema direkteur fan it Nieuwsblad van Friesland (eardere Hepkema's Krante) en it Leeuwarder Nieuwsblad. Letter wie er ek Deken fan de Oarder fan Advokaten yn Fryslân.
Hepkema stoar mei 65 jier oan diftery yn syn hûs te Ljouwert. Hy waard op 1 augustus 1947 beïerdige yn it famyljegrêf yn Aldskoat .
Biografy
- Mark Hilberts, De Koning van Leeuwarden: Mindert Hepkema (1881-1947), verdediger en verdachte, 2020 (ISBN 9789082205244).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|